Nine van der Schaaf

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Nine (Trijntje) van der Schaaf mei in kollega ûnderwizeres op It Amelân

Trijntje (Nine) van der Schaaf (Terherne, 29 april 1882Bloemendaal 16 july 1973) wie ûnderwizeres, dichteresse en skriuwster. Yn har romans hat van der Schaaf ek stof oer Fryslân ferwurke.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Libbensrin

Nine is it tredde fan de fiif bern fan Sjoerd van der Schaaf (†1913), timmerman, en Antje Thomas Boetje (†1942). Har âlden hawwe sosjalistyske sympatyen. Har pake wie ek doarpstimmerman yn Terherne. Hja giet yn Akkrum nei de legere skoalle, dêr't har heit winkelman wurden wie en letter ek yn branje hannele. Hja bedarret nei in pear jier thús west te hawwen yn Den Haach as tsjinstfaam by in dame dy't har by steat stelt om partikuliere lessen te folgjen foar it ûnderwizerseksamen.

Yn 1901 hellet hja de akte Leger Underwiis en folget hja ek lessen frânsk. Yn dy tiid publisearret hja al koarte stikjes yn tydskriften. Har earste roman makket sy of yn 1903 yn Akkrum, dêr’t sy is omdat har heit siik wurden is. Dêrnei ferfard hja nei Amsterdam en leit sy har ta op oersetten út ingelsk en dútsk, mar dat doch net folle fertuten. Yn 1905 debutearret hja yn it sosjalistyske blêd ‘’De Beweging’’, wennet in skoft by Albert Verwey yn Noardwyk, wurdt warber yn de SDAP en wurdt lang om let ûnderwizeresse yn Bueren op It Amelân fan 1908 oant 1911, mar moat ophâlde fanwege tuberkuloaze. Sy sil dan trije jier kuere yn Driebergen en Switserlân en kin neat oars dwaan as skriuwen. Nei't de tuberkuloaze oerbettere wie, hold Nine noch jierrelang swiere pineholle.

Yn 1917 giet hja by har mem yn, dy't nei de dea fan har man yn 1913 nei Driebergen ferhuze wie. De neifolgjende jierren kriget Van der Schaaf stipe fan it Tollens-, it Willem Kloos-Fûns en mefrou Verwey-Van Vloten. Yn febrewaris 1925 ferhûzet sy mei har men nei Santpoort, dêr't hja in soad kontakt hat mei it útjouwerspear Mees-Verwey. Sy is dan ek in skoft lid fan de Kommunistyske Partij Hollân.

Yn de oarloch komt hja yn de kunde mei dichter P.N. van Eyck en de frou yn Driebergen. Fan septimber 1944 oant april 1945 is sy evakuee yn Haarlim. Dêrnei wenne sy wer yn har hûs yn Santpoort.

Nei de oarloch wurdt hja lid fan de PvdA en it Humanistysk Ferbûn.

Nei 1958 waarden har eagen hurd minder, in gefolch fan oantaasting fan de eachsenuwen troch de TBC, en wie it dien mei de skriuwerij. Letter waard hja folslein blyn. Yn har lêste jierren liet sy it wol yn har omgean en gean werom nei Fryslân, mar it is der net mear fan kaam.

[bewurkje seksje] Wurk

Van der Schaaf har wurk wurdt rekkene ta de neo-romantyk en it symbolisme. Har lettere wurk wurdt hieltyd mear realistysk. Wichtige kritisy fan dy tiid, sa as Verwey en Van Eijck, mar ek oaren, oardielen tige posityf oer har wurk. De lêzers wienen der lykwols minder hyt op. Yn 1925 kriget hja de Jacobson-priis, in fiifjierlikse literêre priis foar âldere letterkundigen, ynsteld troch it Tollensfûns yn 1925.

Van der Schaafs sosjalistyske fyzje op in bettere wrâld komt yn har wurk ek ta utering. Leafde is by har de driuwende krêft yn it universum, yn it libben en foar it yndividu, mar is noch ûnfolslein.[1] Efkes hat sy noch tocht dat it Dútske Nasjonaalsosjalisme faaks ta de ienwurding fan Europa, ek in ideaal fan har, late koe en hat dêr ek al foar 1940 oer skreaun (Goed en kwaad, net datearre). It kaam har op fûle krityk te stean, benammen fan skriuwer Evert Zandstra en Kitty Verwey. It stik - in suver teoretyske eksersysje, Van der Schaaf hie gjin inkelde bining mei de fascistyske ideology of -organisaasjes - is nea publisearre.[2]. (Los hjirfan koe de nasjonalsosjalistyske literêr kritikus Jan van der Made it 'folkske', in skaaimerk fan alle grutte keunst neffens him, yn it wurk fan Van der Schaaf wol wurdearje, sa't bliken docht út syn kritiken yn De waag.[3])

Nine van der Schaaf hat nei it ophâlden fan de De Beweging yn alle goede letterkundige tydskriften publisearre, De Gids, Onze Eeuw, Groot-Nederland, Leven en Werken, Elsevier's Maandblad, Leiding, De Stem, De Nieuwe Stem en ferskate jierboeken.[4]

Anno 2010 is har wurk fierhinne fergetten, lykas dat fan de tsientallen frouljusskriuwers dy’t om 1900 harren debút hienen en dêr’t Carry van Bruggen, Augusta de Wit, Ina Boudier-Bakker en Top Naef faaks de bekendsten fan bleaun binne.

[bewurkje seksje] Priuwke

Peinzerij

Ik hoor van al het nieuw een schoon en raadslig lied
En onze harten zullen sterven in die droom,
En al het heden breekt in 't rampvervulde huis
Der aarde. Op zijn velden. In zijn koude nachten.
Wij hebben niet de menschheid lief die lijdt,
Wij minne slechts een enkele, kind of man of vrouw,
Eén slaat de toon van 't hart aan en één luistert
En weemoed ruischt in 't looverspel der boomen.
Een sterrestraal, een diepe vonk omhoog
Wekt de gedachte aan de diepe bron van 't leven,
Wij zijn als bloemewezens wiegend op de steel,
Van ons geen toekomstdroomen in het wijde zweven.


Nine van der Schaaf. Ut: Naar het onzichtbare (1929)

[bewurkje seksje] Publikaasjes

  • Santos en Lypra (1906)
  • Amanië en Brodo (1908)
  • Poëzie (1919)
  • Poëzie (1919)
  • Friesch dorpsleven uit een vorige tijd (1921)
  • Naar het onzichtbare (1929)
  • De uitvinder (1932)
  • Heerk Walling, mei houtfykwurk fan Fokko Mees. Wereldbibliotheek N.V., Amsterdam (1936)
  • De liefde van een dwaas (1937)
  • Leven van Karel de Stoute (1938)
  • Droom de geleider (1942)
  • Droomvaart (1943)
  • Een vrouw van de Vlecke (1947)
  • Eveline G.A. van Oorschot, Amsterdam, (1948)
  • In de stroom G.A. van Oorschot, Amsterdam, (1956)

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • DBNL. Documentatiedienst: Nederlands Letterkundig Museum/Archief en Museum voor het Vlaamse Cultuurleven [s. 3012]

Biografische gegevens I

  1. Katharina M. Wilson, red. An Encyclopedia of continental women writers, Volume 1. Maya Bijvoet, Nine van der Schaaf
  2. Jaarboek van de Maatschappij der Nederlandsche Letterkunde te Leiden, 1973-1974. E.J. Brill, Leiden 1975
  3. Wikipedia nl:, Jan van der Made
  4. Jaarboek van de Maatschappij der Nederlandsche Letterkunde te Leiden, 1973-1974. E.J. Brill, Leiden 1975
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen