Nina Hagerup

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Edvard en Nina Grieg, 1899.

Nina Grieg, berne Hagerup (24 novimber 1845 yn Bergen, Noarwegen - Kopenhagen, 9 desimber 1935) wie in Deensk-Noarsk sjongster, in sopraan, en pianiste. Sy wie in dochter fan Herman Hagerup en Adelina Werligh en in nichtsje fan komponist Edvard Grieg; sy trouden op 11 juny 1867 yn Kopenhagen .

It pear joech faak tegearre konserten yn Europa. Edvard beskôge har as de bêste fertolker fan syn lieten.

De Ingelske komponist Frederick Delius droech twa rigen lieten oan har op yn de jierren 1888 oant 1890.

Nina trede op as soliste yn Felix Mendelssohn syn Elijah mei Musikselskabet Harmonien (letter bekend as it Bergensk Filharmoanysk Orkest) yn 1866.

Nei de dea fan Edvard yn 1907, ferfarde hja nei Denemark dêr't sy ek stoar.

Nina Grieg hat nea wat opnomd as beropssjongster, mar der binne wol amateuropnames op waaksrollen bewarre bleaun, dy't lykwols yn minne steat ferkeare.