Nilgün Yerli

Ut Wikipedy
Nilgün Yerli yn 2009

Nilgün Yerli (Kırşehir, 11 novimber 1969) is in Nederlânske skriuwster en kabaretiêre.

Libben

Yerli waard berne yn Turkije. Op har 10e kaam se nei Nederlân. Yn it earstoan wenne hja op it It Hearrenfean. It wie in drege tiid foar har, omdat hja gjin Nederlânsk koe en der op skoalle út lei. Doe't Yerli 15 jier wie ferlearen har âlden it libben by in auto-ûngemak en krige hja ûnderdak by nonnen yn Stienwikerwâld.[1]

Sy ferhuze nei Haarlim dêr't hja nei de HEAO gie. Hja hie dêrneist allerhanne bybaantsjes om troch de tiid te kommen.

Mei in freondinne sette hja útein mei it duo Turkish Delight. Yn 2000 stie Yerli mei har soloprogramma 'Wat zeg ik?' yn it teater en yn 2001 mei de show 'Vreemde vreemdgangers'. Letter bedarre se yn Amsterdam.

Se hie ûnder oaren in kollumn yn Het Parool. Foar de film 'De Garnalenpelsters' folge Yerli toanielles oan de filmakademy yn New York. Tusken 2006 en 2009 wenne Yerli wer yn Turkije, diels út ûnfrede mei it reizgjend bestean dat lestich te ferienigjen is mei it mem-wêzen (sy hat in soantsje, Leon), en foar in part om't ûntjouwings yn de Nederlânske multikulturele maatskippij har net noasken. Sûnt 2008 hat Yerli it programma 'Bij Yerli', útstjoerd troch Het Gesprek, wêryn't hja bekende Nederlanners yn Turkije ynterviewt.

Yn 2009 gie se werom nei Nederlân, dêr't se wer teätershows joech.

Ferskaat

Yn 2009 begûn hja de aksje ’Liefde beGeert Wilders’. Minsken waarden oproppen om brieven en blommen nei Geert Wilders te stjoeren om him mylder foar (Islamityske) ymmigranten oer te meitsjen.

Boeken

  • Turkse Troel: de columns (2000), (kollumns)
  • De garnalenpelster (2001), biografyske roman
  • Acht jaargetijden (2002, kollumns)
  • Mezelf geworden, (2004, kollumns)
  • Weg van Nederland (2005)
  • Wie ben ik? (2015)

Shows

  • Wat zeg ik
  • Vreemde Vreemdgangers
  • Held op blote voeten (2003)
  • BangBang
  • De adem van Eva
  • Weer met Henk (2012)
  • Onbeperkt Genieten (2014)

Prizen

  • E. du Perronpriis foar "De Garnalenpelster" yn 2004 (ek ferfilme, mei harsels yn de haadrol)

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Yntervieuw Sneon en Snein, Ljouwerter Krante, 6 novimber 2010