Nijverdal

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lizzing fan Nijverdal yn Oerisel
Sallânske Hichterêch yn de omkriten fan Nijverdal (Noetselerberch)
Nijverdal, tsjerke

Nijverdal is in plak yn de Oeriselske gemeente Hellendoorn. Nijverdal is mei goed 25.000 ynwenners it grutste plak yn de gemeente. De namme Nijverdal is in gearlûking fan niverheid en dal.

Nijverdal leit op de krusing fan de rivier de Regge en de strjitwei fan Almelo nei Swol, dy't yn 1829 oanlein waard. Ek leit Nijverdal oan de foet van de Sallânske Heuvelrêch op de grins fan Twinte en Sallân. Nijverdal is nei Swol en Dimter it grutste plak yn Sallân.

Nijverdal leit yn de eardere marke Noetsele troch de Nederlandsche Handel-Maatschappij dy't der yn 1836 in nauwe gearwurking mei de Ingelsman Thomas Ainsworth in weverij, in spinderij en in modelweverij) stifte.

Om 1850 iepenen de bruorren Salomonson de Kninklike Stoom Weverij, wêrtroch't in ein kaam oan de thúsniverheid.

Nijverdal is it ienige plak yn Nederlân dêr't goud dylge is. Der is in offisjele konsesje ôfjûn foar it dylgjen fan goud.

Besuden Nijverdal leit de Holterberch.

Ferkear en ferfier[bewurkje seksje | edit source]

Nijverdal hat sûnt 1881 in stasjon oan it spoar Swol - Almelo. It âlde stasjon waard yn 1971 ôfbrutsen en ferfongen troch in nij stasjon, it hjoeddeiske stasjon Nijverdal.

Fan 1910 - 1935 hat Nijverdal in twadde stasjon hân. Dit stasjon Nijverdal Súd lei oan de ferbining Neede - Hellendoorn fan Lokaalspoarwei-Maatskippij Neede-Hellendoorn. Dit stasjon is nei 1935 net mear yn gebrûk west en is ôfbrutsen. Yn 2010 is Stasjon Nijverdal West opsetten as tydlik stasjon rjochting Swol omdat der gjin treinferkear mooglik is tusken Stasjon Nijverdal en Stasjon Nijverdal West. Nijverdal waard yn de Twadde Wrâldoarloch bombardearre troch de alliearden. Troch dit bombardemint op doelen van de Dútse Luftwaffe waard it sintrum fan Nijverdal diels ferwoaste.

Sport[bewurkje seksje | edit source]

Nijverdal hat in grut ferieningslibben mei meardere sportklups.

  • Atletyk - AV Atletics
  • Badminton - B.C. Reflex Nijverdal
  • Basketbal - The Valley Bucketeers
  • Bridge - Bridgeclub Reggedal
  • Darten - ENC '09
  • Hockey - Hockeyclub Hellendoorn/Nijverdal H.C.H.N.
  • Gym - Gymnastykferiening O.K.K.
  • Kuorbal - NKC'51
  • Sjitten - L.S.V.N Nijverdal
  • Tennissport - Tennisklup Nijverdal - Tafeltennisferiening Match Point `68
  • Fuotbal - VV DES (Kampioen fan Nederlân by de sneonamateurs yn 1934) - S.V. ENC '09 - Hulzense Boys - RKSV De Zweef - S.V.V.N.
  • Follybal - Follybalferiening Flash Nijverdal - Follybalferiening V.E.C.
  • Hurdfytse - Hurdfytsferiening CC'75 - Fytskrossferiening De Lochsprinters
  • Swimsport - Swim- en Poloclub Het Ravijn, dizze club spilet mei it manljus- en it frouljuswetterpoloteam yn de heechste Nederlânske klasse.

Berne yn Nijverdal[bewurkje seksje | edit source]

Bekende Nijverdallers[bewurkje seksje | edit source]