Nijkerkerveen

Ut Wikipedy
Lizzing Nijkerkerveen

Nijkerkerveen (Nedersaksysk: Niekarkerveen) is in doarpke yn de gemeente Nijkerk yn Gelderlân. It leit tusken de kearn Nijkerk en Amersfoort yn.

It is ûntstien om 1900, omdat men hjir rjochtsjen gie op de lânbou en feehâlderij. It doarp is al folle âlder mar waard doe benammen it Veen neamd. Nei 1900 kaam de namme Nijkerkerveen as offisjele namme. Yn de folksmûle wurdt it doarp noch wol 't Veen neamd.

It is in lytse doarpskearn mei in grut bûtengebiet dat rint fan lângoed Slichtenhorst oant Hoevelaken. Westlik grinzet it oan Hooglanderveen (Amersfoort) en eastlik oan Zwartebroek (Barneveld). Yn it eastlik diel wienen geangebieten, grinzend oan bosk en heide. Yn dizze gebieten wienen lytse wetterdobben mei reid.

Yn it westen fan it bûtengebiet leit Holkerveen mids greiden en grien.

Yn eastlike rjochting fan it doarp rinne de natoergebieten fan it lângoed Slichtenhorst en De Bunt oer yn in houtwâlelânskip.

Yn de 21e iuw is Nijkerk in groeigemeente mei ek wenningbouprojekten yn Nijkerkerveen, it saneamde doarpemodel.

Nijkerkerveen hie ek in eigen krante, de Veense Courant, dy't twa kear wyks ferskynde.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]