Nijhof (Baarn)

Ut Wikipedy

Firma Nijhof is in grutte winkel fan bou- en wenartikels oan de Minervawei yn Baarn.

Jan Nijhof (1901-1979) begûn yn 1950 in hout- en ôfbraakhannel en in jier letter begûn er sloopmateriaal fan ôfbrutsen filla's op te keapjen. Ek syn beide soannen kamen yn de saak en der waard begûn om keukens en oare produkten fan gruthannels en fabriken te betrekken. Sa ûntstie yn de jierren sechtich de earste selsboumerk fan Nederlân. It bedriuw groeide hurd, sadat it yn 1972 nei it doe nije yndustryterrein de Noordschil ferhuze. Nei de dea fan harren heit yn 1979 namen de beide soannen de lieding. Omdat syn heit wethâlder fan Baarn waard, kaam yn 1984 pakesizzer Jan der by. Nei in grutte brân yn 1987 waard it bedriuw fergrutte ta in wenwarehûs. De saken rûnen sa goed dat Nijhof yn 2010 ta bêste wenwinkel fan Nederlân útroppen waard.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: