Nije media

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Nije media is in sammelnamme foar in ferskaat oan kommunikaasje techniken dy't benammen yn de 90-er jierren fan de 20e ieu opkommen binne. Ta dy nije media wurde ûnder oaren rekkene: it ynternet, de mobile telefoan en de ekstra tapassings dêrfan lykas i-mode en sms. Mar ek al wat âldere tapassings as teletekst en tekst TV kinne ta dy nije media rekkene wurde.

Yn it midden fan de 90-er jierren wie der in floed fan bedriuwen en bedriuwkes dy't harren op dizze nije merk stoarten. Mei in tal fallisseminten kaam der in abrupt ein oan de opteinens oer de nije media. Dochs hawwe se yn de deistige kommunikaasje yn de moderne wrâld harren plak opeaske. Ynternet, e-post en mobile telefoans binne suver net mear wei te tinken. Se meitsje benammen yn de tsjinstferliening in wichtich ûnderdiel út fan de merkbewurking.