Nije Wetterwei

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Nije Wetterwei
Nije Wetterwei by de Maeslantkearing
De Skuor by Maasslûs

De Nije Wetterwei is it lêste stik fan de ferbining fan Rotterdam mei see. Hy waard yn 1872 foltôge; de lingte fan dizze trochgraving fan de dunen by wat no Hoek fan Hollân hjit, mar destiids yn de gemeente 's Gravenzande lei, bedroech 4,3 km. Troch de ferbreding fan it strân is hy no wat "langer". De eastelike grins wurdt tsjintwurdich markearre troch de Maeslantkearing. De Maeslantkearing leit krekt efter of op de grins wêr't de nei it suden ôfbûgende De Skuor ôfdamme waard en wêr't de trochgraving fan de dunen begûn). De hiele ferbinding fan Rotterdam mei see bestiet no sadwaande út in al normalisearre rivier en in lyts stikje kanaal, te witten: de Nije Maas fân Rotterdam ôf, It Skuor nei de gearrin Alde Maas en Nije Maas oant en mei de Maeslantkearing, en as lêste fan de Maeslantkering ôf de Nije Wetterwei. It is in drokbefearne skipfeartrûte foar it havengebiet foar it havengebiet fan Rotterdam, mei útsûndering fan de Europoarte en de Maasflakte. Utsein ûnder omstannichheden de Maeslantkering, binne der gjin obstakels as slûzen of brêgen dy't de ferbining fan Rotterdam mei see behinderje. Der is in feartsjinst tusken Maasslûs en Roazenburch foar fuotgongers, fytsers, persoaneweinen en frachtweinen.


Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen