Nieuw-Loosdrecht

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lizzing Wijdemeren
Tsjerke
Sypesteyn.
Sypesteyn

Nij-Loasdrecht is in doarp yn de gemeente Wijdemeren, in de provinsje Noard-Hollân. Tegearre mei Ald-Loasdrecht foarmet it Loosdrecht. It doarp hat 5970 ynwenners (2004).

Nij-Loosdrecht wurdt ein 13e ieu foar it earst neamd. It hiet doe de Sijpe (Sype/Sipe) en hie net folle bewenners. Healwei de 14e ieu krige Ald-Loosdrecht in eigen parochy (memmetsjerke) en wie yn de Sijpe in kapel. Yn 1400 waard troch Frederik fan Blankenheim, biskop fan Utert, dizze Sijpske kapel ta in selsstannige parochytsjerke ferheft. De memmetsjerke waard de Alde tsjerke neamd en de Sijpske tsjerke dus de Nije tsjerke. Sa ûntstienen de beide doarpsnammen Oud-Loosdrecht en Nieuw-Loosdrecht.

Yn de folksmûle waard ornaris de namme de Sijp (of Zijp) brûkt. De Nijloosdrechtse Sijpetsjerke (faak ferkeard skreaun as Sypekerk en dêrtroch fout útsprutsen ‘Siepekerk’) is no sawat 600 jier âld. Der wurdt fermoede dat de ûntginning fan it Loosdrechtse gebiet fanút twa rjochtingen barde: fanút de Vecht oan de westkant en fan de hege Goaiske grûnen ôf oan de eastlike side fan Loosdrecht. Yn de Sijpe hat eat in pleats stien mei de namme Sijpesteijn. De aadlike famylje Van Sypesteyn (sprek út ‘Siepestein’) miende, dat harren stamâlden yn de 13e ieu in kastiel yn de Sijpe hân hawwe soenen en dat de kapel dêr de slotkapel wêze moast. Dit is nea bewiisd en nei alle gedachten net wier. Dochs liet de jonkhear begjin tweintichste ieu in kastiel bouwe op it plak fan dizze pleats, dy't skean foar de Sijpetsjerke oer stie. Dit waard it hjoeddeiske Kastiel-museum Sypesteyn. Sûnttiids is der hieltiten betizing oer de útspraak.