Nicolas Desmarest

Ut Wikipedy
Nicolas Desmarest
persoanlike bysûnderheden
echte namme Nicolas Desmarest
nasjonaliteit Frânsk
berne 16 septimber 1725
berteplak Parys (Frankryk)
stoarn 20 septimber 1815
stjerplak Parys (Frankryk)
etnisiteit Frânsk
wurkpaad
berop/amt geolooch
aktyf as publisist
jierren aktyf 17531815

Nicolas Desmarest (Soulaines-Dhuys, 16 septimber 1725Parys, 20 septimber 1815) wie in Frânsk geolooch en publisist. Hy wie de heit fan 'e foaroansteande biolooch Anselme Gaëtan Desmarest.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Desmarest waard yn 1725 yn in leger maatskiplik fermidden berne yn it doarp Soulaine-Dhuys, op it plattelân fan it lettere departemint Aube, it noardeastlike part fan sintraal Frankryk. Hy ûntfong syn ûnderwiis oan skoallen yn Troyes en Parys, en wist him doe sels te bedrippen as ûnderwizer wylst er op eigen manneboet fierder learde.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei't er belangstelling hie foar de Théorie de la Terre, fan Georges-Louis Leclerc, greve fan Buffon, die Desmarest yn 1753 mei oan in essayskriuwwedstryd oer de prehistoaryske lânferbining tusken Ingelân en Frankryk. Doe't er dêrmei de earste priis wûn, kaam er yn it mulpunt fan 'e belangstelling te stean, wat der úteinlik ta late dat er yn 1757 oannommen waard troch de Frânske oerheid om ferslach te dwaan fan 'e steat fan 'e yndustry yn ferskate lannen. Yn 1788 waard er oansteld as ynspekteur-generaal fan 'e yndustry fan Frankryk.

Syn reizen, sawol yn eigen lân as om utens, folbrocht Desmarest almeast geandefoets, sadat er syn kennis oangeande de struktuer fan 'e ierde fergrutsje koe. Yn 1763 besocht er de Auvernje, dêr't er as earste yn 'e ûndergrûn fan prismatyske basaltstien âlde lavastreamen werom koe. Pas yn 1774 publisearre er oer dat ûnderwerp lykwols in artikel, dat er oanfolle mei in geologyske lânkaart fan it oangeande gebiet. Ek it learstik dat dellingen ornaris ûntsteane troch it erodearjende effekt fan wetterstreamen dy't dertrochhinne rinne, waard foar it earst úttocht troch Desmarest.

Neiteam en dea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Desmarest syn soan, Anselme Gaëtan Desmarest (1784-1838) wie in tige foaroansteand biolooch, en ek syn pakesizzer Eugène Desmarest (1816-1889) wie in biolooch fan namme. Nicolas Desmarest kaam yn 1815 yn Parys te ferstjerren, fjouwer dagen nei't er syn njoggentichste jierdei fierd hie.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.