Nicolaas Havenga

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Nicolaas Havenga

Nicolaas Christiaan Havenga (Fauresmith, 1 maaie 1882Kaapstêd, 14 maart 1957) wie in Súd-Afrikaans ficepremier (1948-1954).

Nicolaas Havenga kaam út in Boeren famylje. Under de Twadde Frijheidsoarloch tsjinne er ûnder generaal James Barry Munnik Hertzog, dy't er tige bewûndere. Nei de Frijheidkriich sleat er him oan by Hertzog syn Nasionale Party (letter de Verenigde Party). Fan 1924 oant 1939 wie Havenga minister fan Finânsjen yn it kabinet-Hertzog.

1939 rjochte Havenga de Afrikanerparty op, dy't har ôfskieden hie fan de Verenigde Party. Lykas de Gesuiwerde Nasionale Party fan Daniel François Malan stribbe de Afrikanerparty nei apartheid en wie fûl tsjin de Britten. Yn de Twadde Wrâldkriich wie Havenga foar neutraliteit.

Yn 1948 sleat de Afrikanerparty een stimbusakkoard mei de Herenigde Nasionale Party fan Malan en gongen beide partijen in listferbining oan. De ferkiezingen waarden mei glâns wûn troch de Afrikanerparty en de Herenigde Nasionale Party (HNP). Daniel François Malan makke in redgearing mei Havenga as ficepremier en minister fan Finansjen. De Afrikanerparty gie 1953 mei de HNP op yn de Nasionale Party. Yn 1954 wie Havenga in skoftke waarnimmend premier. Letter luts er him tebek út de politykt.