Nicolaas Baur

Ut Wikipedy
Nicolaes Baur

Nicolaas Baur, ek Nicolaus Bauer, Nicolaus Baur (Harns, 12 septimber 1767 - dêre, 28 maart 1820), wie in keunstskilder.

Hy wie de soan fan portretskilder Henricus Antonius Baur (1736 - 1817). Hy skildere lânskippen en stedsgesichten. Hy makke ek moanneljocht- en wintertafrelen, mar wie it meast súksesfol mei syn seeskilderijen. Hy wurdt beskôge as ien fan de bêste lettere Nederlânske skilders fan seegesichten. Hy makke oaljeferven en wie behangskilder. Hy stoar yn Harns yn 1820.

Wurk fan him is te finen yn it Ryksmuseum Amsterdam, it Frysk Museum en it Hannemahûs yn Harns, mar ek noch yn âlde wenhuzen.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Baur, Nicolaas.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Nicolaas Baur fan Wikimedia Commons.