Nico Freriks

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Nico Freriks
Namme Nico Freriks
Bertedatum 22 desimber 1981
Berteplak Uden
Grutte 1,92 m
Sportive ynfo
Sport Follybal
Olympyske Spullen 2004

Nico Petrus Johannes Freriks (Uden, 22 desimber 1981) is in Nederlânsk follyballer. Hy waard berne yn Uden, mar hy waard grut brocht yn Horst (Limburch).

Nico Freriks die ienris mei oan de Olympyske Simmerspullen, nammentlik op de Spullen fan 2004 yn Atene. Hy waard doe mei de Nederlânske ploech njoggende. Op 1 oktober 2010 hat Nico Freriks 263 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.[1]

Hy hat yn de ôfrûne jierren by de folgjende klups spile: Havoc, Facopa v.c., SSS Barneveld, Noliko Maaseik (Belgje), Omniworld Almere, Hypo Tirol Volleybal (Innsbruck, Eastenryk), Knack Randstad Roeselare (Belgje), Jastrzebski Wegiel S.A. (Poalen), Zadkine Rotterdam Nesselande , Kalleh Manzandaran VC (Iran).

Yn it seizoen 2009/10 komt Freriks út foar Zadkine Rotterdam.Nesselande yn de Nederlânske A-League.[2] [3] Yn it seizoen 2010/11 kaam Freriks út foar Unicaja Almeria út Spanje. Nei dat seizoen komt er werom nei Belgje: hy spilet sowieso de folgjende twa seizoenen by Roeselare dêr't er tusken 2006 en 2008 ek al spile.[4]

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nico Freriks by de NeVeBo
  2. "Freriks tekent bij Nesselande", De Telegraaf, 10 oktober 2009
  3. "Nico Freriks naar Polen", www.limburger.nl, Limburgs Dagblad, 18 juny 2008
  4. "Freriks terug naar Roeselare" NOS.nl, 17 maaie 2011