New wave

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan New Wave)

New wave ('nije weach') is in beweging yn benammen de Amearikaanske en Britske popmuzyk, ûntstien oan de ein fan de santiger- begjin tachtiger jierren yn de New Yorkse muzykwrâld mei as min-ofte-mear sintraal punt de club CBGB.

Nina Hagen op in konsert yn Aalborg (Denemark)

De term New Wave sels is in boarne fan betizing. Yn it begjin wie new wave identyk oan punkrock mar al gauweftich waarden mei new wave meardere besibbe muzykstreamen oantsjutten. Uteinlik wurdt de term new wave brûkt foar groepen dy't de tradysje fan de punk folgje, sûnder it punk-kredo wat hurder en lûder, wat better. De bands liene fan in ferskaat oan stilen en sjânres, mar wat se mienskiplik hawwe is dat der omraak op harren muzyk dûnse wurde kin. New wave is minder lûd en mear pop-eftich as de besibbe post punk dat brûkt wurdt foar de mear artistike, minder troch pop beynfloede groepen. Alhoewol ferskillend, binne sawol punk, new wave as post punk alle trije in enerzjike reaksje op de ûnynspirearre popmuzyk fan de santiger jierren; in soad groepen falle yn de rin fan harren bestean mei gemak yn twa of sels trije fan de neamde kategoriën.

Joe Jackson en de Talking Heads binne foarbylden fan guon dy't mei new wave wrâldferneamd waarden. Yn Nederlân wiene Gruppo Sportivo en The Nits de meast yn it each (en ear) rinnende eksponinten fan de streaming. Ek yn Fryslân ûntstiene in tal new wave-groepen. Dêrfan wie The Visitor, mei as foaroanman Ernst Langhout, de bekendste.

Noch altyd wurde popmuzikanten troch de new wave beynfloede: Sa klinkt it lûd út it begjin fan de tachtiger jierren bygelyks troch yn guon nûmers fan de Grinzer Fries Meindert Talma.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

>