Neutraal Moresnet

Ut Wikipedy
Neutraal Moresnet
Flagge fan Neutraal Moresnet
Flagge
Lokaasje fan Neutraal Moresnet
Offisjele taal Nederlânsk
Frânsk
Dútsk
Esperanto
Haadstêd Kelmis
Steatsfoarm Kondominium
Gebiet 3,44 km²
Ynwenners (1858) 2572
Munt Franske frank, Belgyske frank, Reichsmark
Tiidsône UTC +1
Ynternet n.f.t.

Neutraal Moresnet wie, fan 1816 oant 1919, in Jeropeeske steat fan mar 3,44 km2. It steatsje bestie allinnich om't de buorlannen Prusen en Nederlân it by it Kongres fan Wenen net iens wurde koene oer harren nije grinzen. Beide lannen woene de sinkmyn fan Kelmis hawwe, mei as gefolch dat se yn it Ferdrach fan de grinzen de gemeente Moresnet ferparten yn in Nederlânsk, in Moresnetsk, in Prusysk part Nij Moresnet en in neutraal part mei de sinkmyn, Neutraal Moresnet, dat se mei-inoar regearje soene oant se it iens wiene oer de opdieling.

Neutraal Moresnet wie in smelle trijehoeke dy't de dyk fan Aken nei Luik ferbûn mei de Faalserberch. De grins wie 11 km lang en it lân hie 256 ynwenners (1816).

Yn 1830/1839 waard Belgje ûnôfhinklik, en troch de Konvinsje fan Maastricht waard it trijelannepunt op de Faalserberch ta in fjouwerlannepunt, om't it no ek it begjinpunt fan de grins tusken Belgje en Nederlân wie. Moresnet lei besuden de grins en waard in part fan Belgje, en Belgje naam doe ek it regear fan Neutraal Moresnet oer.

Postkaart mei Neutraal Moresnet/Altenberg, ± 1900

Yn 1885 rekke de sinkmyn leech, mar ek dêrnei koene Dútslân en Belgje it net iens wurde oer de opdieling. Uteinlik waard it Ferdrach fan Maastricht ferbrutsen doe't yn 1914 Neutraal Moresnet ynnaam waard troch Dútslân, en yn 1915 ta Prusysk gebiet ferklearre waard. Doe't de Earste Wrâldkriich oer wie, waard it probleem fan de opdieling oplost doe't Dútslân yn 1919 yn it Ferdrach fan Fersailles de soevereiniteit fan Belgje oer it bestriden Moresnet tajoech.

Esperantosteat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Noch foardat Neutraal Moresnet opheft wurde soe, ûntstie it idee om in Esperantosteat fan it lantsje te meitsjen. It idee kaam fan de Frânsman Gustave Roy, in pleitbesoarger foar de nije keunsttaal Esperanto. Hy fûn yn de Dútske húsdokter, filatelist en esperantist Wilhelm Molly in entûsjast meistanner. Dy stribbe der nei om fan Moresnet in folweardige steat te meitsjen. Hy brocht ek postsegels foar it neutrale lantsje út, dy't letter troch de Belgyske oerheid ferbean waarden.

De neutraliteit fan de krite like Molly in goede reden om Moresnet ta de thúsbasis fan de wrâldwide Esperantobeweging te meitsjen. It slagge him sels de Esperantosit fan Genêve nei Moresnet oer te krijen. Dêrtroch waard it minysteatsje efkes nijs op de foarsiden fan de ynternasjonale parse.

Molly wie hiel populêr en groeide stadichoan út ta de ynformele presidint fan Moresnet. It Esperantolantsje moast Amikejo hjitte (Esperanto foar 'plak fan freonskip)'. Yn 1908 waard in gearkomste holden, dêr't inkele Esperantisten en in part fan de pleatslike befolking by gearkamen. It lantsje waard entûsjast buorkundich makke en in mars fan de pleatslike komponist Willy Huppermans mei in Esperantotekst, de Amikejo-mars, wie te belústerjen. Dat folksliet waard troch Giorgio Silfer oan de ein fan de 20e iuw op 'e nij foar it ljocht helle. By eintsjebeslút kaam fan Amikejo net folle telâne. De Earste Wrâldoarloch smiet dwerse kneppels. Molly ferstoar yn 1919. Under de Twadde Wrâldoarloch waard Kelmis (earder Neutraal Moresnet) tydlik op 'e nij part fan Dútslân krekt as Eupen en Malmedy. Tsjintwurdich is Kelmis in part fan de Dútsktalige Mienskip fan Walloanje yn Belgje.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Selm Wenselaers, De laatste Belgen. Een geschiedenis van de Oostkantons, Meulenhoff/Manteau (2008)
  • Philip Dröge: Moresnet, Het bizarre verhaal van ons vergeten buurlandje. Spectrum, 2016, ISBN 978-9-00034-960-9.
  • David van Reybrouck, Zink. CPNB, boekewike-essay 2016, Productie De Bezige Bij, ISBN 978-90-596-5358-0.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]