Netanya

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Netanya
נְתַנְיָה
Netanya01.jpg
Sifers
Ynwennertal ↑183.200 (2009)
Oerflak 28,45 km²
Befolkingstichtens 6.291 / km²
Hichte 35 m
Polityk
Lân Israel
Boargemaster Miriam Feirberg Ikar
Oar
Stifting 18 febrewaris 1929
Tiidsône (UTC+)
*Simmertiid (UTC)
Webside www.netanya.muni.il
Embleem fan Netanya

Netanya (Hebrieusk: נתניה) is in stêd yn westlik Israël, oan de Middellânske See. Yn 2004 hie de stêd sa'n 169.400 ynwenners. Netanya leit likernôch 32 kilometer benoarden Tel Aviv en 63 kilometer besuden Haifa. It is de haadstêd fan it subdistrikt Netanya en de grutste stêd yn de regio Sharon.

De stêd is relatyf jong; se is yn 1929 stifte as in mosjava, en ferneamd nei Nathan Strauss, in joadsk-Amerikaansk filantroop dy't twatredde fan syn persoanlik besit skonk oan projekten dy't sawol Joaden as Arabieren yn Palestina te'n goede kamen.

Fanwege in geunstich klimaat en in moai strân is it in populêre fakansjebestimming dy't goede ferbinings hat mei plakken as Tel-Aviv en Haifa.

It Kikar ha'atsmaoet ('plein fan de ûnôfhinklikens') leit tichteby it 11 km lange strân. It is dêr grien en dêr binne fontinen. Fierders sitte dêr winkeltsjes en horekagelegenheden. De haadstrjitte, Herzl, komt op it plein út.

De stêd leit op it smelste punt fan it lân; de Westlike Jordaanouwer begjint al sa'n 10 kilometer beëasten de stêd.

It besjen wurdich yn Netanya[bewurkje seksje | edit source]

De 900 jier âlde Figebeam yn Netanja
  • Amfiteater by it strân
  • Caesarea, in argeologysk fynplak, net fier fan Netanya
  • Merk
  • It stedsdiel Ne'ot Herzl hat in beskerme, 900 jier âlde Wylde Figebeam (Ficus sycomorus), dy't al yn âlde geskriften neamd wurdt.
De wyk Poleg yn súd-Netanya