Nearo-dekreet

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Nero Dekreet")
Gean nei: navigaasje, sykje

It Nearo-dekreet wie de koadenamme fan in befel fan Adolf Hitler yn de lêste dagen fan it Tredde Ryk wêrmei't de ferneatiging begûn waard fan de hiele Dútske yndustryele ynfrastruktuer. Albert Speer, destiids Ryksminister foar Bewapening en Munysje, beskreau yn syn memoires "Inside the Third Reich" de gaos fan de dagen neidat it befel jûn waard en de minne tiid dy't hy hie om de nazi-distriktlieders (Gauleiters) te oertsjûgjen it Nearo-befel te negearen en de oerbliuwende ynfrastruktuer (nei de alliearde bombardeminten) noch yntakt te litten. Sadwaande koe dizze as basis brûkt wurde foar it neioarlochsjke tiidrek.