Springe nei ynhâld

Nel van der Zee

Ut Wikipedy
Nel van der Zee
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Pieternella Cornelia
Kamp-Van der Zee
nasjonaliteit Belgysk
berne 7 maart 1921
berteplak Brussel
stoarn 16 septimber 2016
stjerplak De Haach
etnisiteit Flaamsk
wurk
taal Nederlânsk
sjenre famkesboek, streekroman, famyljeroman
útjouwer Westfriesland, Kok, Kluitman
jierren aktyf 19512016
offisjele webside
gjint

Pieternella Cornelia Kamp-Van der Zee (Brussel, 7 maart 1921 - De Haach, 16 septimber 2016) wie in Flaamsk auteur fan 'kristlike' jeugdboeken en famylje- en streekromans. Se skreau yn it Nederlânsk. Teffens wie se ferpleechkundige en waard letter ien fan de earste yntersedinten fan Nederlân yn it bedriuw fan har man.

Van der Zee skreau ynearsten allinnich famkesboeken, dy't yn dy tiid as modern gouwen. Se debutearre yn 1951 mei it boek De promotie van Jet Didam útjûn troch útjouwerij Westfriesland yn Hoarn. Yn de jierren sechtich waard se tige populêr doe't har wurk oant werprinte waard yn de pocketrige Witte Raven. Yn de jierren santich sette se út ein mei it skriuwen fan streekromans en famyljeromans. Dy lêsten ferskynden by Utjouwerij Kok yn Kampen.

Nel van der Zee publisearre goed 200 titels wêrfan't 50 romans wiene. Der waarden in lytse 1,5 miljoen fan ferkocht. Yn jannewaris 2016 ferskynde har lêste roman "Vroeger is voorbij".

Se troude twaris, mar hie gjin bern. Se stoar yn de âldens fan 95 jier.

In kar:

  • De promotie van Jet Didam (1951)
  • De weg tot elkander
  • Les in geluk
  • Vroeger is voorbij (2016)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: