Negev

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Zindelling sjoen fan it begraafplak fan David Ben-Gurion by Midreshet Ben Gurion.
Acacia-beam yn Makhtesh Gadol.

De Negev (of Negeb; Hebrieusk:נֶּגֶב; Arabysk:النقب al-Naqab) is in woastyn en healwoastyn yn it suden fan Israel. De Arabieren en de lânseigen Bedûïnebefolking, tsjutte de woastyn oan mei al-Naqab. De oarsprong fan it wurd Neghebh (of yn it modern Hebieus Negev) komt fan it Hebrieuske wurd foar 'droech', 'skrok'. Yn de bibel wurdt Neghebh ek brûkt foar de wynrjochting 'súd' en 'Suderlân'.

De Negev rint fan Beersjeba yn iy noarden oant Eilat yn it fierste suden, en omfiemet mear as 60% fan it grûngebiet fan Israël. Noardeastlik fan de Negev leit de Deade See, yn it noardwesten de Gazastreek.

De Negev kin beskôge wurde as in lyts part fan de enoarme woastynstreek dy't fan de Atlantyske Oseaan oant de Yndyske Oseaan rint; ûnder oaren de Sahara, de Sinaïwoastyn en de Grutte Arabyske Woastyn op het Arabyske Skiereilân haerre dêr ta.

Beersjeba wurdt sjoen as de haadstêd fan de Negev. Om 1900 hinne makken de Turken in soarte fan regionaal sintrum foar de Negev fan dizze stêd.

De Negev wurdt al tûzenen jierren troch nomadyske Bedûinen bewenne, faaks wol 7000 jierren.

Stêden yn de Negev[bewurkje seksje | edit source]

Bergen yn de Negev[bewurkje seksje | edit source]

Ruïne yn de Negev

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]