Nederlânsk Arbeidsfront

Ut Wikipedy

It Nederlânsk Arbeidsfront (ôkoarte NAF) wie in nasjonaalsosjalistyske faksintrale dy't 30 april 1942 by dekreet fan rykskommissaris Arthur Seyss-Inquart oprjochte waard. Oaredeis, de dei fan de arbeid, soene de oare faksintrales en fakbûnen yn Nederlân opheft wurde, sa as CNV, RKWV en de NVV. De besittings en fermogens fan de ophefte faksintrales soenen oergean nei de nije faksintrale. It haad fan it Nederlands Arbeidsfront waard NSB'er Hendrik Jan Woudenberg.

It fakbûn har doel wie: Het Nederlandsche Arbeidsfront heeft tot taak alle Nederlanders die door eigen arbeid geheel of gedeeltelijk in hun levensonderhoud voorzien, samen te brengen, te verzorgen, hen op te voeden tot wederzijdsch begrip voor hun economische belangen, alsmede voor hun sociale en cultureele behoeften en bij de bevrediging van deze behoeften medewerking te verleenen.

De NAF waard lykwols gjin súkses. Op syn meast hie de NAF 100.000 leden, dêr't it grutste part fan lânarbeiders wienen. Lânarbeiders wiene bot ôfhinklik fan seizoensarbeid en hienen dêrom faak in útkearing. De ophefte fakbûnen, dy't tsjin de nije opset wienen, hienen lykwols foar de oarloch noch goed 700.000 leden. De NAF krige gjin sit yn wichtige kommisjes en koe dêrom net folle dwaan foar har arbeiders. Yn 1945 waard de faksintrale opheft.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: