Nazareth (Israël)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Nazareth
الناصرة / נָצְרַת
Nazrat.jpg
Sifers
Ynwennertal 82,200 (2009)
Oerflak 14,2 km²
Stêdekloft 185.000 (2007)
Hichte 300 m
Polityk
Lân Israel
Distrikt Noard-Israel
Oar
Tiidsône (UTC+)
Webside Webside Nazareth
Wapen fan Nazareth
Lizzing fan Nazareth yn Israel

Nazareth (Arabysk: الناصرة - Elnasrat, Hebrieusk: נצרת - Natsrat) is de grutste Arabyske stêd fan Israël. It plak leit yn it noarden fan Israël, yn Galilea. Sa'n tsien kilometer besuden Nazareth leit de flakte fan Jizreël en likernôch tsien km nei it easten leit de berch Tabor.

It Nije Testamint beskriuwt Nazareth as it plak dêr't Jezus grutbrocht waard. Dêrom is it sûnt de 4e ieu in kristlik pilgerreisdoel mei distiid in soad oantinkens oan bibelske barrens.

Oant de 7e ieu wennen dêr joaden. Op it plak fan de troch Konstantyn de Grutte boude bysantynske tsjerke stiften de krúsfarders in grutte fransiskaanske basilyk. Sûnt de midsieuwen waard de stêd foaral troch Arabyske kristenen bewenne.

Ein 2007 wennen dêr 65.500 minsken dêr't twatredde fan islamitysk en in treddepart kristlik wienen. It meastepart fan de befolking fan de foarstêden is islamitysk. De foarstêd Nazreth Illit hat fral in joadske befolking. De agglomeraasje hie yn 2007 185.000 ynwenners, mei 40.000 joaden.

Ekonomy en toerisme[bewurkje seksje | edit source]

De stêd is in tsjinstesintrum fan belang, foar de eigen befolking en de regio, foar gruthannel, lytse hannel ûnderwiis, oerheidstsjinsten, religy, ferdivedaasje, horeka, sûnenssoarch en finânsjen.

It toerisme is in wichtige ynkomstenboarne foar de stêd. Dêr komme in soad kristlike pylgers en Israëlyske minsken út alle befolkingsgroepen, de lêsten meast foar ien dei. Sa is dêr in Jezuskuierrûte fan 60 km dy't in protte religieuze plakken meielkoar ferbynt en yn Kapernaüm einiget.
De ekonomy fan Nazareth hie dan ek bot te lijen fan it geweld yn de tiid fan de Earste en Twadde yntifada, fanwege it fuortbliuwen fan pylgers en joadske toeristen.

Neist de Basilyk fan de Oankundiging hat Nazareth in plak dat ferneamd is as de "put fan Maria". Fierders is dêr in kleurige merk, in protte restaurants en bakkerijen (Nazareth is ferneamd om syn gebak en oare swietichheden) en hotels fan alle mjitten en (priis)klassen.

Partnerstêden (karút)[bewurkje seksje | edit source]

Berne yn Nazareth[bewurkje seksje | edit source]