Nau fan Kales

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Yn it Ingelsk wurdt it Nau fan Kales, de Strjitte fan Dover neamd.

It Nau fan Kales of Strjitte fan Dover is in wetter tusken Grut-Brittanje en Frankryk.

De nammen ferwize nei it plak Kales yn Frankryk en Dover yn Ingelân. It Nau fan Kales ferbynt It Kanaal en de Atlantyske Oseaan yn it westen mei de Noardsee yn it noarden. De trochsneed breedte is 65 km.; tusken Dover en Kales is de breedte mar 33 kilometer. Dit feit makket it wetter in gaadlik plak foar feartsjinsten tusken Frankryk, Belgje en Ingelân. Under it Nau fan Kales ferbynt de Kanaaltunnel Grut-Brittanje mei Frankryk.