Nathaniel Dance-Holland

Ut Wikipedy
Selsportret Nathaniel Dance-Holland, om 1773

Sir Nathaniel Dance-Holland, 1e Baronet (8 maaie 1735 - 15 oktober 1811) wie in Ingelsk portretskilder en politikus.

Hy wie de tredde soan fan arsjitekt George Dance de Aldere. Dance ('Holland' heakke er letter oan syn namme ta) studearre keunst by Francis Hayman en lykas in soad tiidgenoaten studearre er ek yn Itaalje. Dêr moete er Angelica Kauffmann en skildere ferskate histoarjestikken en klassike skilderijen.

Nei't er werom yn Ingelân wie, waard er in súksesfol portretskilder. Mei Hayman syn broer de arsjitekt George Dance de Jongere, wie er ien fan de stifters fan Royal Academy yn 1768.

Hy krige de opdrach om Kening George III en de keninginne te skilderjen, plus kaptein James Cook en akteur David Garrick. The Pybus Family (1769), groepsportret, sit yn de kolleksje fan de National Gallery of Victoria, Austraalje.

Yn 1790 joech er syn artistike karrêre oer en waard er lid fan it parlemint foar stimdistrikt East Grinstead yn Susseks. Hy hold de sit oant 1802 doe't er ferhuze nei Great Bedwyn, dat er oant 1806 fertsjintwurdige. 1807 gie er werom nei East Grinstead, dat er oant syn dea yn 1811 fannijs yn it parlemint fertsjintwurdige. Hy waard baronet yn 1800, in net erflike titel.

Dance-Holland wie boaske oan Harriet, widdo fan Thomas Dummer (stoarn 1781), waans hûs yn Cranbury Park, ûnder Winchester troch syn broer ûntwurpen wie. It pear wenne yn Little Wittenham Manor yn Berkshire (no yn Oxfordshire).

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: