Natalie Allen

Ut Wikipedy
Natalie Allen
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Natalie Allen
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 11 augustus 1961
berteplak Memfis (Tennessee)
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
wurksum as nijslêzeresse, ferslachjouster,
presintatrise, produsinte,
dokumintêremakster
medium tillefyzje
wurksum by WFTV, CNN, NBC, MSNBC,
CNBC
jierren aktyf 1984 – no
offisjele webside
Natalie Allen op Twitter

Natalie Allen (Memfis (Tennessee), 11 augustus 1961), is in Amerikaansk sjoernaliste, ferslachjouster, presintatrise, tillefyzjeprodusinte en kollumniste, dy't bûten de Feriene Steaten benammentlik bekend wurden is troch har wurk foar de nijsstjoerder CNN yn 'e njoggentiger jierren en op 'e nij sûnt 2009. Hja hat ek wurke by de stjoerder NBC (de susterkanalen CNBC en MSNBC ynbegrepen), by The Weather Channel en by ferskate pleatslike Amerikaanske stjoerders. Allen har spesjaliteit is it miljeu, duorsume enerzjy en klimaatferoaring.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Allen waard yn 1961 berne yn 'e stêd Memfis, yn 'e steat Tennessee. Hja studearre fanôf 1979 radio, tillefyzje en film oan 'e Universiteit fan Súdlik Mississippy (Southern Miss), en wie yn har studintetiid û.m. belutsen by ferskate studinteferienings en wurksum as nijslêzeresse by de studintestjoerder. Teffens wie se by de cheerleaders fan it Amerikaansk footballtiim fan Southern Miss. Yn 1983 rûne se har stúdzje ôf mei in bachelorstitel. It jiers dêrop waard se troch de universiteit útkeazen as "treflike ôfstudearde op it mêd fan tillefyzjesjoernalistyk", en yn 2004 waard se ynhuldige as lid fan 'e Southern Miss Alum Hall of Fame. Neitiid folge se fan 1986 oant 1988 in stúdzje politikology oan 'e Universiteit fan Memfis.

Sjoernalistike karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Allen begûn har sjoernalistike karriêre as stazjêre by de pleatslike stjoerder KFSM-TV, yn Fort Smith, yn 'e steat Arkansas, dêr't se in soarte fan hantsjemuoisfeint wie en û.m. wurke as ferslachjouster, nijslêzeresse, presintatrise, fotografe, kamerafrou, produsinte en redaktrise. Hja wurke der fan jannewaris 1984 oant febrewaris 1985 en wie sels ferantwurdlik foar it opnimmen en de redaksje fan al har nijsstikken. Teffens wie se de pleatsferfangende presintatrise foar alle programma's en de pleatsferfangende produsinte fan it jûnsnijs fan 10 oere. Fan 1984 oant 1988 wurke Allen by de stjoerder WREG-TV yn har thússtêd Memfis, dêr't se begûn as stazjêre op 'e redaksje, mar noch ûnder har staazje promovearre waard ta on-air-ferslachjouster, wat noch nea foarkommen wie. Yn 1987 waard se de mei-presintatrise fan it 10-oerenijs fan WREG.

Fan it neijier fan 1988 oant mids 1992 wie Allen wurksum as presintatrise en korrespondinte by WFTV, in pleatslike stjoerder yn Orlando. Dêr fersloech hja û.m. de steatsferkiezings fan Floarida en de lansearrings fan 'e space shuttle fanôf de basis Cape Canaveral. Teffens wie se mei-presintatrise fan it topmoarnsnijsprogramma Daybreak. Foar har wurk by WFTV wûn Allen sawol in Edward R. Murrow Award as in uterst prestizjeuze Emmy Award, beide yn 'e kategory ferslachjouwing. Ek waard se keazen ta "favorite moarnspresintatrise" troch de lêzers fan 'e krante Florida Today.

Yn juny 1992 krige Allen in baan by CNN, dêr't se hast tsien jier bleau. Se wie der ien fan 'e liedende presintatrises/nijslêzeressen, en ferfolle teffens de funksje fan korrespondinte op it mêd fan miljeu en duorsume enerzjy. Yn har tiid by CNN presintearre se live-útstjoerings ûnder ferskate grutte nijsmominten, lykas de bomoanslach op it Alfred P. Murrah Federal Building, yn Oklahoma City, yn 1995; de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2000 en de dêrmei mankgeande rebûlje oer de útslach yn ferskate countys yn Floarida; en de oanslaggen op it World Trade Center en it Pentagon, op 9/11.

Ein septimber 2001 gie Allen by CNN wei, wêrnei't se fan mids 2003 ôf by de nasjonale Amerikaanske stjoerder NBC wurke. Se die ferslach fan in ferskaat oan nijssaken foar it NBC Nightly News en wurke mei oan The Today Show. Ek wie se presintatrise/nijslêzeresse by it susterkanaal MSNBC en freelance-korrespondinte foar in oar susterkanaal, CNBC, dêr't se û.m. live ferslach die fan 'e begraffenis fan âld-presidint Ronald Reagan, yn 2004, en de presidinsjele ynauguraasje fan 2005. Yn datselde jier berjochte se út 'e studio wei oer it oan lân gean fan 'e orkaan Katrina yn New Orleans, op it stuit dat dat barde. Teffens die se in grut tal fraachpetearen. Mids 2006 ferliet se NBC hommels, wat spekulaasjes oprôp oer in mooglik misrûne românse op it wurk, mar neffens Allen gie it simpelwei om in ynkrimping fan it budget foar freelance-meiwurkers, dêr't û.o. sy de dupe fan wurden wie.

Ein 2007 wie Allen op 'e nij op 'e tillefyzje, diskear by it waarkanaal The Weather Channel, dêr't se Forecast Earth presintearre, in fêst programma fan in oere dat wijd wie oan klimaatferoaring, it miljeu, duorsume enerzjy en "griene" libbenswizen. Dêrnjonken reizge se hiel Amearika troch om pioniers op dat mêd te ynterviewen, wêrby't se djipseedoek mei oseanografe Sylvia Earle, op syltocht gie mei poalaventoersman sir Robert Swan, en mei withoefolle oaren spriek, lykas Jerome Ringo fan 'e Apollo Alliânsje, Paul Holland, in "griene" ynvestearder út Silicon Valley, skriuwster Barbara Kingsolver, en de Kanadeeske wittenskipper David Suzuki.

Yn maaie 2009 kearde Allen werom by CNN, wêrby't se op 'e nij stasjonearre waard yn it wrâldhaadkertier, it CNN Center, yn Atlanta, yn 'e steat Georgia. Dêr wurket hja sûnt as presintatrise/nijslêzeresse en as korrespondinte mei as foarnaamste wurkgebiet klimaat, miljeu en "griene" enerzjy. Yn 2011 filme, skreau en produsearre se fierders har eigen special fan in healoere oer de minskehannel yn bern yn 'e Fjetnameeske Mekongdelta, yn it ramt fan it CNN Freedom Project.

Oare aktiviteiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken har sjoernalistike karriêre wie Allen fan 2003 oant 2006 wurksum by de Cleveland Klinyk, yn 'e stêd Cleveland, yn Ohio, as mediacoach en kommunikaasjemeiwurkster. Fierders is hja in ûnôfhinklik produsinte fan reklamespotsjes, famylje- en bedriuwsportretten en ynformative en edukative fideo's (de lêsten fral foar de Cleveland Klinyk). Allen wurdt gauris frege as sprekster, bgl. op 'e Solar Summit (in konferinsje oer sinne-enerzjy), yn Atlanta, yn 2011, en trije jier efterinoar foar de útrikking fan 'e Women Making a Mark Awards fan it Atlantan Magazine. Yn 2008 stie der in artikel oer Allen yn Atlantan Magazine, mei as titel The Green Queen, wat mar ien wie fan in ferskaat oan artikels oer en fraachpetearen mei har dy't troch de jierren hinne yn alderlei tydskriften en kranten ferskynd binne. Ek spile se harsels yn 'e films Contact, út 1997, en Cast Away, út 2000, en yn in ôflevering fan 'e tillefyzjekomeedzjesearje Mad About You.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: