Nasjonaal Lânskip Middag-Humsterlân

Ut Wikipedy
Kaart fan Middag en Humsterlân yn de tiid fan de ynbraken fan de Lauwerssee (800-1000). Yn kleur de pleistosene opdûkingen fan in Drintsk plato

Middag-Humsterlân is de namme fan in Nasjonaal Lânskip yn de provinsje Grinslân. It bestiet út de streken Middag en Humsterlân.

Sûnt 2005 hat it de status Nasjonaal Lânskip en is foardroegen foar de list fan wrâlderfgoed fan de Unesco.

Noardwestik fan de stêd Grins lizze de eardere eilannen út de midsiuwen Middag en Humsterlân. Bewenning wie dêr earder mooglik op terpen (of wierden). Dy terpen binne archeologysk ynteressant en yn goede steat. Tusken de eilannen lizze tichtslike waadprielen dy't noch altiten werom te finen binne yn de bûgde foarmen fan de sleatten en perselen.

Middag komt fan Midage of mid each; it betsjutte middelste eilân. Humsterlân komt fan Hugmerchi of karspel, dat is in (tsjerklike) gemeente mei in eigen rjochtspraak.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fierders binne der noch it buorskip Krassum dêr't it Piterpaad trochhinne rint en Brillerij dêr't de wierde foar it meastepart ôfgroeven is.