Nan Goldin

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Nan Goldin (12 septimber 1953, Washington) is in Amerikaanske fotografe. Hja is begûn mei fotografearen doe't hja 16 jier âld wie, en hie har earste tentoanstelling, mei swart-wyt foto's fan "drag queens", doe't hja 19 jier wie. Hja studearre oan de School of Fine Arts yn Boston dêr't hja yn 1977 har Bachelor of Arts-eksamen die.

Yn 1978 ferfarde hja nei New York, en dêr is hja daliks mei har projekt "The ballad of Sexual Dependency" (De ballade fan seksuele ôfhinklikens) begûn, dat ûnder oaren yn Stokholm en Berlyn te sjen west hat. Op de foto's steane gewoane manlju en froulju yn deistige sitewaasjes, mar ek drugsgebrûk geweld, pearkes mei spul en mominten út har eigen libben. Guon kritisy fûnen dat hja dêrby heroïnegebrûk te moai foarstelde.

Har wurk wurdt it meast as in diafoarstelling toand, en it hat njonken keunstynstituten, ek te sjen west op filmfestivals. It tema fan har iere wurk is leafde, geslacht en seksualiteit. De foto's wurde ornaris makke mei ynfallend ljocht.

Sûnt 1995 hat hja foto's makke oer jongerein yn de foarstêden fan Tokio, lânskipsfoto's fan it stêdssilhûet fan New York, har frijer Siobhan, bern, âlderskip en gesinslibben. Hja wennet op it stuit yn Parys en yn New York.

Yn 2007 waard har de Hasselbladspriis takend.