Nakajima B5N

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Nakajima B5N2 'Kate'
In Kate giet de loft yn fanôf fleandekskip Akagi
Ferûngemakke Nakajima B5N2 "Kate" fan fleandekskip Shokaku 2

De Nakajima B5N Kate (alliearde koadenamme: Kate) wie in Japanske torpedobommesmiter yn tsjinst fan de Japanske Keizerlike Marineloftmacht. It wie tusken 1940 en 1944 de standert torpedobommesmiter fan Japan yn de Twadde Wrâldkriich yn de Stille Oseaan. Op 7 desimber 1941 hie it type súkses by de oanfal op Pearl Harbor en letter ek Slach yn de Koraalsee, Midway en Slach by de Santa Cruzeilannen.

It tastel wie feitlik yn 1941 al wat ferâldere, mar bleau de hiele oarloch troch yn gebrûk. Yn 1944 wie it lykwols absolút net mear opwoeksen tsjin de moderne alliearde jagers. Der waarden totaal 1149 fan makke.

Farianten[bewurkje seksje | edit source]

  • Type K: Prototype.
  • B5N1: Earste produksjemodel.
  • B5N1-K: In protte B5N1s waarden omboud ta treningstastellen foar foardere fleanders.
  • B5N2: Ferbettere ferzje fan de B5N1.

Spesifikaasjes (Nakajima B5N2)[bewurkje seksje | edit source]

Nakajima Kate.svg

[1]

  • Bemanning: 3 (1 piloat, 1 kommandant en 1 boarskutter/radiotegrafist)
  • Lingte: 10.30 m
  • Spanwiidte: 15.52 m
  • Hichte: 3.70 m
  • Fleugeloerflak: 37.7 m²
  • Leechgewicht: 2.279 kg
  • Gewicht mei lading: 3.800 kg
  • Maks. startgewicht: 4.100 kg
  • Motor (prop): ien Nakajima Sakae 11, radiaalmotor fan 750 kW (1.000 hk)
  • Maks. faasje: 378 km/o
  • Fleanberik: 1.992 km
  • Tsjinstplafond: 8.260 m
  • Klimfaasje: 6,5 m/s
  • Bewapening:
    • masinegewearen: 1 × 7.7 mm Type 92 masinegewear 'Ru' (Lewis) efteryn cockpit, hânladen mei trommelmagazinen fan 97 patroanen. In tal B5N1s hienen 2 × 7.7 Type 97 masinegewear yn de fleugels.
    • Bommen: 1 × 800 kg type 91 torpedo of 1x 800kg bom of 2 × 250 kg bommen of 6 × 132 kg bommmen[2]


Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Francillon 1970, p. 416.
  2. Bunrin Do Famous Airplanes of the World Type 97 (B5N) Carrier Torpedo Bomber, 1972, s. 74.