Naema Tahir
Naema Tahir (Slough (ûnder Londen), 23 augustus 1970) is in Nederlânsk skriuwer. Se is de dochter fan Pakistaanske âlden.
Yn 1980 kaam de hûshâlding Tahir nei Nederlân om har nei wenjen te setten yn Etten-Leur. Tahir wenne efterelkoar yn Slough, Etten-Leur, Faisalabad (Punjab), dêr't har âlden oarspronklik wei komme, Leien, Lagos en Straatsburch. Sy studearre Nederlânsk en rjochten yn Leien oant 1996 en wurke as jurist foar Nederlânske en ynternasjonale ynstellingen. Sy wennet yn Straatsburch, dêr't sy oant maart 2006 jurist minskerjochten foar de Ried fan Jeropa wie. Sy gong mei ferlof om faker yn Nederlân wêze te kinnen en oan har Nederlânsktalige boeken wurkje te kinnen. Omdat Nederlânsk har fjirde taal is giet it skriuwen yn dy taal better at sy it geregeldwei heard, lêst.
Troch har opiny-artikelen yn de NRC krige sy it stimpel 'kritysk moslima'. Tahir wie ien fan de seis froulju dy't ynterviewd waarden yn it boek De derde feministische golf fan de Flaamske polityk-filosoof Dirk Verhofstadt en waard ek útnoege foar it televyzjeprogramma Zomergasten, jiergong 2008.[1]
Sûnt 2011 is Tahir kollumnist by Buitenhof en it NCRV-televyzjeprogramma Altijd Wat.
Tahir is troud mei rjochtsfilosoof Andreas Kinneging.
Bibliografy [bewurkje seksje]
- Een moslima ontsluiert, 2004
- Kostbaar bezit, 2006
- Eenzaam heden, 2008
- Groenkapje en de bekeerde wolf, 2008
- Bruid van de dood, 2011
Keppelings om utens [bewurkje seksje]
- (nl) Leestafel, biografy
- (nl) fraachpetear yn kunststof, 18 april 2011
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|