NRJ Music Award

Ut Wikipedy
NRJ Music Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Frânsk
útrikt foar popmuzyk
útrikt troch radiostasjon NRJ
frekwinsje 1x jiers
datum juny
plak Cannes (Frankryk)
1e útrikking 2000
offisjele webside
nrjmusicawards.nrj.fr

De NRJ Music Awards (soms ôfkoarte ta de NMA's) binne in groep Frânske prizen dy't elts jier útrikt wurde troch it Frânske radiostasjon NRJ yn gearwurking mei de tillefyzjestjoerder TF1 foar de bêste prestaasjes op it mêd fan 'e Frânsktalige en ynternasjonale popmuzyk fan it foargeande jier. Dizze prizen waarden foar it earst útrikt yn 2000, en sûnt fynt de útrikkingsseremoanje elts jier plak yn it mondêne baaiplak Cannes, oan 'e Frânske Azuerkust fan 'e Middellânske See, as it iepeningsgala fan 'e MIDEM (Marché Internationale de l'Édition Musicale). De ôfkoarting NRJ stiet foar Nouvelle Radio des Jeunes ("Nije Radio foar de Jongerein"), en is wurdboarterij, mei't NRJ, as je it fluch útsprekke, klinkt as it Frânske wurd énergie ("enerzjy").

De winners fan 'e NRJ Music Awards wurde útornearre trochdat it radiostasjon yn eltse kategory fiif gadingmakkers nominearret, wêrnei't fans op 'e webside fan NRJ stimme kinne. De útkomsten fan 'e stimming wurde dan ferrekkene mei dy fan in faksjuery dy't ynsteld is troch NRJ en TF1, yn in ferhâlding 75:25. Under de ynternasjonale muzikanten dy't alris in NRJ Music Award wûnen, binne Will Smith, Mariah Carey, Whitney Houston, Madonna, Geri Haliwell, Dido, Shakira, Jennifer Lopez, Usher, Avril Lavigne, The Black Eyed Peas, Robbie Williams, Christina Aguilera, Nelly Furtado, Beyoncé Knowles, Rihanna, Justin Timberlake, The Pussycat Dolls, Katy Perry, Lady Gaga, One Direction, Psy en Pharrell Williams. Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Kategoryen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Frânsktalich liet fan it jier
  • ynternasjonaal liet fan it jier
  • Frânsktalich album fan it jier
  • ynternasjonaal album fan it jier
  • Frânsktalige manlike artyst fan it jier
  • ynternasjonale manlike artyst fan it jier
  • Frânsktalige froulike artyst fan it jier
  • ynternasjonale froulike artyst fan it jier
  • Frânsktalich duo/groep fan it jier
  • ynternasjonaal duo/groep fan it jier
  • Frânsktalige trochbraak fan it jier
  • ynternasjonale trochbraak fan it jier
  • fideoklip fan it jier

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.