Nîmes

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Oersjocht fan Nîmes

Nîmes is in stêd yn de regio Languedok-Roussillon (Frankryk). It is de "prefectuer" fan it departemint Gard. Postkoade 30000 oant 30900. Nîmes leit net fier fan Avignon, Montpellier en Marseille ôf, en is berikber fia de autorûte A9 en A54 en de TGV.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Sa as út de menhir fan Courbessac bliken docht wie lang foar ús jiertelling al sprake fan minsklike oanwêzigens en aktiviteit yn de omjouwing fan Nîmes. Lykwols set de histoarje fan Nîmes útein mei de komst fan de Romeinen dy't de stêd stiften en Colonia Nemausensis neamden. Under keizer Augustus waard dit in wichtich sintrum.

De namme "denim", in stof foar jeansbroeken, komt oarspronklik fan Nîmes, nammentlik: "de Nîmes".

[bewurkje seksje] Nijsgjirricheden

It Maison Carrée, dat beskôge wurdt as ien fan de bêst bewarre Romeinske timpels, wie oan de "Prinsen fan de Jeugd" (de pakesizzers fan de keizer) wijd.

De Arena fan Nîmes, waard boud tusken 50-100 nei Kr. en wie ynspirearre troch it "Colosseum" yn Rome. Ek dat bouwurk is ien fan de bêst bewarre út de Romeinske tiid. It is 113 by 101 m. grut. De flier is 70 by 38 m. Oan de bûtenkant binne twa nivo's fan 60 bôgen elk te ûnderskieden. Binnen joech dizze arena plak oan 24.000 taskôgers ferdield oer 34 tribunes, dy't plak nimme koenen yn 4 sônes dy't gearhongen mei de sosjale status fan de besikers. De arena is ûntwurpen foar gladiatoaregefjochten. Yn de Midsieuwen waard it ta in fersterke doarp ferboud en hie oant 1812 twa tsjerken, in lyts kastieltsje en om-ende-by 220 huzen. Op it heden wurde der Bollefjochtsjen, konserten en foarstellings yn de arena jûn.

Fierders binne yn Nîmes te sjen:

  • Romaanske katedraal "Notre-Dame-et-Saint-Castor"
  • "Place du Marché"
  • "Jardins de la Fontaine"
  • Romeinske ringmuorre
  • ferskate musea lykas:
    • Carré d'Art, museum fan moderne keunst
    • Musée du Vieux Nîmes, oer it libben yn Nîmes fan de ein fan de Midsieuwen ôf
    • Musée des Cultures Taurines
    • Argeologysk Museum
    • Natuerhistoarysk Museum "Chapelle des Jésuites"
    • Museum fan Schone Keunsten
    • Planetarium

[bewurkje seksje] Berne yn Nîmes

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen