Myksomatoaze

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In knyn mei myksomatoaze.

Myksomatoaze is in kninesykte fan epidemyske proporsjes, dy't yn 1952 yn Frankryk mei sin yntrodusearre waard om 'e kninestân werom te bringen ta akseptabele nivo's. Sûnt hat it him oer hiele Jeropa ferspraat en komt it noch altiten yn weagen werom. Healwei de jierren fyftich waarden de kninen yn Nederlân foar it earst troffen troch myksomatoaze en dat hat derfoar soarge dat se op in protte plakke ferdwûn binne.

Myksomatoaze is in firussykte, wêrby't kninen in stadige en pynlike dea stjerre trochdat de slymfluezzen fan 'e eagen, earen, anus en geslachtsiepening ûntstutsen reitsje. De bisten kinne dan op 't lêst neat mear sjen en wurde kwetsber foar predaasje. Genêzing is mooglik. Ek hawwe in protte wylde kninen in beskate ymmuniteit foar de sykte ûntwikkele. Nuete kninen moatte ienris jiers tsjin myksomatoaze yninte wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770.