Munt- en Pinningkabinet

Ut Wikipedy

It Munt- en Pinningkabinet is in museum oan de Jan Binneswei yn Surhústerfean. Tema fan it museum is de skiednis fan it jild fan 6e iuw f.Kr. oant hjoed-de-dei mei de Fryske muntslach yn it bysûnder.

De earst fûne munten binne slein troch Lidyske foarsten fan ± 600 foar Kristus. De earste Fryske munten waarden slein yn de 7e iuw. Der kamen imitearre skeatta's en munten fan de Brunswykske greven. Yn de 15e iuw sloegen de Fryske stêden eigen munten. Yn it museum binne ek munten út de tiid fan de Sân Provinsjes en it begjin fan it Keninkryk fan de Nederlannen.

Neist de fêste opstelling binne der trije kear yn 't jier wikseleksposysjes. Simmerdeis wurdt gearwurke mei it Frysk Museum en wurdt omtinken jûn oan in bepaald aspekt fan de fryske muntslach. Op oare mominten wurdt oandacht bestege oan bg. sparpotten, medaljes en fynsten mei metaaldetektors.

Neist dit museum siet it Optykmuseum.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: