Mortal Kombat

Ut Wikipedy

Mortal Kombat wie it earste spultsje fan de Mortal Kombat-searje fan Midway. It spul kaam yn 1992 yn 'e hannel en wie doe tige provosearjend troch it hurde geweld yn it spul. It ferhaal fan it spultsje giet oer it earste Mortal kombat-toernoai en de oerwinning fan de geastlike Liu Kang op Shang Tsung.

Ferhaal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

500 jier lyn waard it jierlikse Shaolin-toernoai ûnderbrutsen troch de komst fan in âlde tsjoender, mei de namme Shang Tsung, en in wêzen heal mins, heal draak, mei fjouwer earms. It wêzen, de Shokon-kriger Goro, die mei oan it toernoai en fersloech kening Kung Lao. Goro waard hjirnei 500 jier de ultime fjochtkampioen. Meiïnoar in diel fan it plan fan Shang Tsung, dêr't er it ierdske ryk mei yn gaos bringe woe, sadat de bûtenwrâld it feroverje koe.

Liu Kang docht mei oan it toernoai om it wer yn lykwicht te bringen. Johnny Cage, in kriger/filmstjer, docht ek mei en rekket befreone mei Liu Kang. Lin Kuei-kriger Sub-Zero docht ek mei, op útnûging fan Shang Tsung, mar ek de libbene deade ninja Scorpion dy't Sub-Zero dea dwaan wol, om't er tinkt dat Sub-Zero ferantwurdlik west hat foar syn dea. Raiden, de god fan tonger, is ek troch Shang Tsung persoanlik frege, en docht yn in minskefoarm mei oan it toernoai.

Kano, de wichtichste dief fan de Black Dragon Clan, wurdt achterfolge troch de spesjale ôfdieling fan it Amearikaanske leger, dy't laat waard troch Sonya Blade. Kano komt úteinlik yn in boat nei it toernoai, dêr't er Shang Tsungs paleis plonderje wol (neffens geroften binne de muorren fan goud makke). As Sonya dêr oankomt, wurdt se tsjinholden troch it leger fan Shang Tsung. Hja hat gjin kar, dat se moat meidwaan oan it toernoai. Dêrmei is it toernoai folslein en set it útein.

Karakters[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Spylber fan it begjin ôf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bazen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Geheime karakters[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Arena's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • The Courtyard
  • Palace Gates
  • Warrior Shrine
  • The Pit
  • Throne Room
  • Goro's Lair
  • The Pit Bottom