Morsekoade

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Morsekoade is in koade ûntwikkele troch Samuel Morse, om yn morse oer te bringen mei syn tillegraaf.

Perioade[bewurkje seksje | edit source]

Morse krige belangstelling foar tillegrafy yn 1832, nei eigen sizzen wylst er oan board fan de Sully op de weromreis wie fan Jeropa nei Amearika. Yn 1837 brûkte er foar demonstraasjes fan syn tillegraaf syn morsekoade. Nei't Alfred Vail dat jier partner fan Morse wurden wie, waard op 6 jannewaris 1838 Vail syn ferbettere tillegraaf demonstrearre, wêrby nei it skynt it morse-alfabet brûkt waard, dat nei alle gedachten troch Vail optocht wie.

Represintaasje[bewurkje seksje | edit source]

Morsekoade wie in koade mei sifergroepen dy't oerset waarden nei Ingelske wurden en sinnen. Mûglik wienen der feitlikens twa ferzjes fan de morsekoade. Oarspronklik waarden by Morse syn tillegraaf, dy't op papier in trochgeande line loek, foar elts sifer it tal fan halen telt. Letter joech Morse de sifers sa oan:

  • 1 .
  • 2 ..
  • 3 ...
  • 4 ....
  • 5 .....
  • 6 .-
  • 7 ..-
  • 8 ...-
  • 9 ....-
  • 0 .....-

It is lykwols net wis of dat allinnich in ferkoarting by it skriuwen fan it koadeboek wie, of dat er no kodearre foar de tillegraaf fan Vail, dy't de punten en streken hie dy't wy no kinne as "morse". Ek is wol útsteld dat de streek hjir in langere tuskentiid wie, al is net dúdlik of Morse optocht hie hoe dy dan wer te kennen wêze soe.

Koadeboek[bewurkje seksje | edit source]

It idee fan in koadeboek wie net nij doe't Morse dat opsette. Yn dy tiid, en ek al wat earder, waarden foar op see ek flaggekoades ûntwikkele. Morse hie lykwols tocht dat syn tillegraaf fral troch it regear brûkt wurde soe, en ûntwikkele dêrom koades foar boadskippen dêr't it regear ferlet fan hawwe soe. In koadeboek is fansels ûnôfhinklik fan de ûnderlizzende representaasje fan de koadeletters of -sifers. Ek mei de sifers út it Morseelfabet hie morsekoade kodearre wurde kinnen.

Kommersjele koades[bewurkje seksje | edit source]

It idee fan koades op basis fan morse kaam werom by it kommersjeel gebrûk fan de tillegraaf. De kommersje hie twa problemen by it gebrûk fan de tillegraaf:

  • De priis fan it tillegram wie ôfhinklik fan de langte, dat it wie in foardiel en skriuw kompakte boadskippen.
  • Eltsenien die it morse-alfabet koe, koe meiharkje yn it tillegraafkantoar, dat boadskippen moasten sa trochjûn wurde dat de konkurrinsje dy net folgje koe.

Om dy redenen waard kommersjeel faak brûk makke fan koades om berjochten troch te jaan. Sokke koades wienen lykwols, oars as morsekoade, meast basearre op wurden, en dêrmei op letters.

Alfabet[bewurkje seksje | edit source]

Morsekoade wurdt ek wol brûkt as oantsjutting fan it morse-alfabet.