Morony

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Morony
it strân fan Morony
it strân fan Morony
Sifers
Ynwennertal 42.000 (2003)
Polityk
Lân Komoaren
Provinsje Morony
Oar
Koördinaten

Morony (Arabysk: موروني) is de haadstêd fan de Komoaren. Der wenje sa'n 42.000 minsken (2003). It is de grutste stêd fan de eilannegroep. De stêd leit oan de westkust fan it eilân Grande Comore, dat ek wol Njazidja neamd wurdt troch de eigen befolking.

De haven leit yn in gloppe en hat in lytse kaai. Yn 'e haven binne fanille, kakao en kofje de grutste eksportprodukten. De stêd liket mei syn moskee's frijwat Arabysk. De Ancienne Mosquée du Vendredi (Alde Freedsmoskee) is it meast ferneamd. Fierders binne der by de stêd moaie strannen te finen.

Morony hat in eigen ynternasjonale fleanhaven, it 'Prince Said Ibrahim International Airport'. Dêrneist is der in boatferbining mei de fêstewâl fan Afrika, Madagaskar, ferskillende eilannen yn de Yndyske Oseaan en de oare beide Komoaren.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

  • Morony waard yn de 10e ieu f.Kr. al bewenne troch Arabyske kolonisten.
  • 1958: Morony wurdt de haadstêd fan de Komoaren.
  • 1975: De Koameren wurde selsstannich, Morony bliuwt de haadstêd.