Mont Ventoux

Ut Wikipedy
Mont Ventoux

Waarstasjon op de Mont Ventoux

hichte 1912 m
Koördinaasje 44°10'25″N, 6°16'38″l
Lokaasje Frankryk
Geberchte Alpen
De súdkante fan de top fan Mont Ventoux.

De Mont Ventoux (Oksitaansk: Mont Ventor) is in berch yn it departemint Vaucluse yn it suden fan Frankryk. De berch leit op likernôch 20 kilometer noardeastlik fan Carpentras. Oan de noardkante fan de berch foarmet it de grins mei it departemint Drôme. It is de heechste berch yn de omkriten en hat de bynamme “Reus fan de Provence” of “De Keale Berch”. De top fan de Mont Ventoux leit op 1912 meter hichte. It hichteferskil mei de foet fan de berch is 1614 meter. Op de top fan de berch stiet in waarstasjon mei in grutte stjoermêst.

Sa’t de Frânske namme al tinken docht, venteux betsjut wynderich yn it Frânsk, kin it bot waaie oan de top, benammen yn de tiid fan de mistral. Wynsnelheden sa heech as 320 kilometer it oere binne mjitten. De wyn waait 90+ km/oere op 240 dagen yn it jier. De wei oer de berch is faak ticht fanwegen de hurde wyn. Benammen de “col de tempêtes” (stoarm pas) krekt foar de top is ferneamd om syn hurde winen. De wiere boarne fan de namme fan de berch giet nei alle gedachten werom oant de 1e of 2e iuw nei Kristus, doe’t de berch Vintur neamd waard, nei de Gallyske god fan de top, of Ven-Top, wat “snie-top” betsjut yn de âlde Gallyske taal. Yn de 10e iuw kamen de nammen Mons Ventosus en Mons Ventorius foar.

Geologysk sjoen heart de Mont Ventoux ta de Alpen, mar it wurdt dêr faak apart fan sjoen omdat der gjin bergen fan deselde hichte yn de omkriten binne. De top fan de berch bestiet út kalkstien, sûnder fegetaasje of beammen, wêrtroch't it fan in ôfstân krekt liket as of de berch mei snie bedekt is it heule jier troch. De isolearre posysje fan de berch en it útsjoch oer de delling fan de Rhône soarget derfoar dat de berch it lânskip folslein dominearret, de Mont Ventoux kin sjoen wurde fan grutte ôfstannen.

De Mont Ventoux is ferneamd rekke trochdat it in stik as wat kearen opnaam is yn it parkoer fan de Tour de France, fanwegen de swierrichheid en it keale lânskip. De beklimming fan de berch te foet waard yn de Renêssânse al beskreaun troch Francesco Petrarca yn syn wurk Beklimming fan de Mont Ventoux.

Untstean[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Trias waard in sedimintaasjebekken foarme yn wat no súdeast Frankryk is. Yn it Juratiidrek ûntstie der troch boaiemdelgong in ferbining mei de al oanwêzige see op it plak dêr’t no de Alpen lizze. Dat is de Tethyssee. De see hie ûnderseeske rêgen (de hjoeddeiske Vercors en Mont Ventoux) en delten (de saneamde ‘fosse voconcienne’). Yn dizze delten waarden tsjokke lagen sediminten ôfsetten. Yn it Kryttiidrek rekke dit bekken fol en troch it tropyske klimaat ûntstienen koraalriffen.

Oan de ein fan het Mesosoïkum begjint in yngewikkeld proses fan ploaiïng en oerskowen as gefolch fan de konferginsje tusken de Europeeske en de Apulyske tektoanyske platen. It grûnpatroan fan it hjoeddeiske reliëf yn dit part fan Frankryk mei de Mont Ventoux en de Dentelles de Montmirail waard doe fêstlein. Yn it Mioseen berikte de alpine orogenese har earste hichtepunt. Oan de súdkant fan de Alpen ûntstie in see. De Mont Ventoux, it plato fan Vaucluse en de Montagne de Lure foarmen eilannen yn dizze see. Oan it begjin fan it Kwartêr wie dizze see folslein fuld mei sedimint. Nei de lêste Iistiid wie it hjoeddeiske hydrografyske systeem yn de omkriten fan de Mont Ventoux foarme.

Yn eardere tiden wie dit foar de befolking in hillige berch. Sa soe it ek heul oannimlik wêze kinne dat “Mont Ventoux” de betsjutting “Berch fan alle geesten” hat.

Lokaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Mont Ventoux, sjoen fan Avignon ôf.

De Mont Ventoux hat syn karakteristiken te tanken oan de frijlizzende posysje yn it lânskip fan dit part fan de Provence. Benammen fan it suden en súdwesten út is de top by helder waar op grutte ôfstân te sjen. Oan de noardside wurdt it Ventouxmassyf fan de Montagne de Bluye (1062 meter) skieden troch de djippe delling fan de Toulourenc. Yn it suden foarmje de Gorges de la Nesque de skieding mei de Monts de Vaucluse en yn it easten foarmet de delte om Sault de skieding mei de Montagne de Lure. Yn it westen is it bekken fan de Malaucène de oergongssône nei de Dentelles de Montmirail (heechste punt op 734 meter). Karakteristyk foar de Mont Ventoux is de a-symmetryske foarm fan it massyf. De noardhelling is steiler as de mear stadich ôfrinnende súdhelling.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De noardkante fan de Mont Ventoux.

De Italiaanske dichter en gelearde Francesco Petrarca beklom, tegearre mei syn broer, de Mont Ventoux op 26 april 1336 (de preker Jean Buridan hat him lykwols earder yn de 14e iuw mooglik al nei de top fan de berch wurke as earste nijmoadrige berchbeklimmer).[1] Petrarca kleemde de earste te wêzen dy’t de berch om ‘e wille beklom sûnt de âldheid.[2] De beklimming fan Petrarca, fêstlein yn in brief dat letter de namme Beklimming fan de Mont Ventoux krige, hat útdrukking jûn oan in nije natuer- en lânskipserfaring wêrby estetyske en kontemplative sjenswizen mei mekoar ferbûn rekken. Guon ûndersikers beskôgje de beklimming lykwols as in wichtich barren yn de oergong fan de Midsiuwen nei it nijmoadrige tiidrek. Petrarca syn dokumintaasje wurdt dêrnjonken sjoen as it begjin fan it alpinisme, omdat hjir foar it earst de betsjutting fan sa't wy it alpinisme beskriuwe beskreaun waard:

"Den höchsten Berg dieser Gegend, den man nicht unverdient Ventosus, den Windumbrausten, nennt, habe ich am heutigen Tage bestiegen, einzig von der Begierde getrieben, diese ungewöhnliche Höhenregion mit eigenen Augen zu sehen."[3] ("Ik haw hjoed de heechste berch fan de omkriten beklom, dy’t net foar neat de Ventosus, de Winerige, neamd wurdt. Ik waard dreaun troch myn begearte om it ûngewoane berchgebiet hjir mei myn eigen eagen te sjen.")

Francesco Petrarca

Francesco Petrarca is troch in soad oare tinkers opfolge, wêrûnder de Provensaalske dichter Frédéric Mistral, dy’t yn 1859 in nachtlike ekspedysje ûndernaam om fan de berchtop ôf nei de sinneopkomst te sjen. Letter skreaun hy syn erfaring op:

"Nous vîmes le soleil surgir, tel un superbe roi de gloire, entre les cimes éblouissantes des Alpes couvertes de neige".[4] (“Wy hawwe de sinne op sjen kommen, sa’n skitterjende kening fan gloarje, tusken de Alpen syn my sniebedekte skitterjende toppen."

Frédéric Mistral

Foar de mearsidige Frânske gelearde Jean-Henri Fabre (1823-1915) hat de Mont Ventoux as biologysk iepenloftlaboratoarium tsjinst dien, de berch ferienet ommers alle Europeeske klimaten en fegetaasjezônes fan de Middellânske See oant Laplân.

Al yn de 15e iuw waard in kapel op de top fan de berch boud, wijd oan it Hillige Krús.

Yn 1882, waard in meteorologysk stasjon op de top fan de Mont Ventoux boud. Hjoed de dei is dizze net mear yn gebrûk. Yn de jierren ’60 waard in 50 meter hege telekommunikaasjemêst boud.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It útrekte kalkstienfjild ûnderoan de berchtop is earst mei de ûntginning fan de pleatslike bosken bleatlein. Lykas op oare plakken yn de Provence binne de beamen dy’t dêr groeiden al sûnt de 12e iuw troch skipswerven yn Toulon en letter ek troch it Ancient Régime foar skipsbou-aktiviteiten brûkt. Al yn de tiid fan Jean-Henri Fabre waard nei de Mont Ventoux as in keale berch ferwiisd. Mei tank oan it inisjatyf fan M. Tichadou, in ynspekteur fan Eaux et Forêts, is yn de 1860’s mei in program fan bebosking útein setten. It projekt hat benammen Atlas-seders út Noard-Afrika op de berch plante, dizze beam docht it yn it pleatslike klimaat goed. Hjoed de dei binne guon parten fan de berch wer mei bosken beplante, en ferskate soarten fan syn oarspronklike floara wurde goed fersoarge en binne oan de noardside fan de berch lâns de kuierrûte fan GR 9 te sjen.

Fanwegen de grutte ôfstân nei oare berchtoppen yn it gebiet – de Signal de Lure mei in hichte fan 1.826 meter leit op 40 kilometer eastlik fan de Mont Ventoux – docht it foarkommen dat de berch in stik heger is as dat hy wier is. Op in heldere dei jout de berch in machtich útsjoch oer de Alpen, de Middellânske See, de Camargue, de Rhône-delling yn de rjochting fan Avignon, de Cévennes-berchrige, it Sintraalmassyf en sels de tsjerke Notre-Dame-de-la-Garde yn Marseille is te sjen.

Mikroklimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Utsjoch fan de Mont Ventoux ôf.

It grutte hichteferskil tusken de top fan de Mont Ventoux en de omkriten én de foar it meastepart west-eastferrinnende rjochting fan it Ventouxmassyf feroarsaket in grut ferskaat oan klimatologyske omstannichheden.

De súdwestflank fan it massyf (grinzjend oan de flakte fan Bedoin) hat oant likernôch 1000 meter hichte in benammen mediterraan klimaat. Troch de lizzing krijt dizze kante in soad sinne. De eastflank is mear bleatsteld oan de steurings en hat dêrom in kâlder en wieter klimaat. It massyf sels is ferantwurdlik foar in krêftige omheechgeande beweging fan de loftmassa, wêrtroch de delslachmannichten grut binne.

Trochstrings binne der 90 reindagen jiers. By Chalet-Reynard is de trochsneed jierlikse delslach 130 milimeter, op de top is dat 1220 milimeter. De delslach is ûnregelmjittich oer it jier ferspraat mei in gruttere mannichten reinwetter yn de hjersttiid en de maaitiid. Fûleindige wolkbreuken fan 100 milimeter yn in oere binne gjin útsûndering.

Yn de simmer skommelje de temperatueren yn de sônes heger as 1000 meter tusken de 10º en 18 °C. Op trochstrings 100 dagen yn it jier is de top fan de berch wei yn dize en leech hingjende bewolking. Yn de winter is de top oersljochte mei snie (trochstrings 50 dagen yn it jier) en de temperatuer kin dan sakje oant -27 °C.

Wyn is nau besibbe mei de Mont Ventoux. Benammen de mistral (relatyf kâld en drûch) kin soargje foar wyn dy’t hommels opstekt. Yn it lânskip om de Mont Ventoux hinne is goed te sjen hoe grut de ynfloed fan dizze krêftige noardewyn is.

Wetterreservoir[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoe toar de toppe fan de Mont Ventoux ek liket, de berch docht tsjinst as in grut wetterreservoir. Rein- en raanwetter wurde tige gau troch it kalkstien opnomd. It wetter fynt dan har eigen paad troch in netwurk fan ûndergrûnske wetterrinnen om dêrnei op ferskate plakken as boarne wer op te dûken; de boarne Groseau yn Malaucène bygelyks, of de ferneamde welle Fontaine-de-Vaucluse oan de súdkante fan it massyf. Ek de noardside fan de Mont Ventoux hat tal fan boarnen. Se lizze tusken de 1000 en 1788 meter, bygelyks de Fontfiole (1788 meter), de Font-du-Contrat (1400 meter) en de Fontaine-Froide (1000 meter).

Terrasselânskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Benammen oan de súdlike hellings fan it Ventouxmassyf kin noch op ferskate plakken in terrasselânskip oantroffen wurde. Lokale nammen foar dizze terrassen mei harren typyske muorren fan steapele stiennen binne ûnder oare ‘restanques’ en ‘bancaous’. Se binne faak iuwen âld, al is de krekte âlderdom net mei wissichheid te sizzen. Nei dat de oarspronklike fegetaasje ferdwûn, waarden muorren fan likernôch 2 meter heech boud. Op de wakker flakke terrassen waard in grut ferskaat oan agraryske kultueres fûn: oliif- en mangelbeammen, nôtferbou, abrikoas, miede en jujube. Dit ferskaat makke de lokale befolking foar in grut part ûnôfhinklik fan bûten. Troch de opkommende meganisaasje en rasjonalisaasje yn de lânbou ferlearen de terrassen harren agraryske funksje. Se waarden hieltyd mear ferlitten en ferrinnewearre. De ôfwêzichheid fan agraryske kultueres yn kombinaasje mei de ferwurden en dus ôfbroazeljende terrasmuorkes fersnelde it eroazjeproses. Hellings kinne minder goed it reinwetter fêsthâlde en grûn spielt gauwer fuort. Op in tal plakken binne hja om dizze redenen begûn mei it bymeitsjen fan de terrassen. De oerheid hat hjirfoar ûnder foarwaarden subsydzje frij jûn.

Floara[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Utsjoch op it moannelânskip fan de top fan de Mont Ventoux.

De berchtop wurdt troch in ekstreem klimaat skaaimerke, hjir libje sels soarten dy’t ornaris yn arktyske klimaten foarkomme. Fan in grut tal beskerme planten groeie guon allinnich op de Mont Ventoux. Gjin plant op de berch mei ploaitse wurde, sels al wurdt it soarte net beskerme. UNESCO hat it libbensromte fan seldsume planten yn 1990 ta biosfearreservaat útroppen, ûnder de namme Réserve de Biosphère du Mont Ventoux. It reservaat omfiemet de berch en syn omjouwing yn en rekt him út oer in gebiet fan 90.000 hektare mei likernôch 38.000 ynwenners.

Yn de rin fan de iuwen hat de fegetaasje op it berchmassyf feroarings ûndergien. Benammen yn de 19e iuw waard in soad fan de bosken op de Mont Ventoux folslein fuort kapt. Yn 1836 wie de berch hast folslein skjin fan bosk. Yn 1861 waard begûn mei it werbeboskjen fan de súdkante en fan 1888 ôf waard begûn mei de noardkante. Hjoed de dei is hast de folsleine berch wer beboske, útsein de keale top. Troch de hichteferskillen en de byhearrende fariaasjes yn it mikroklimaat is de ferskiedenheid oan beammen grut. Fan de leafbeammen kin men de sêfte iik, de stieniik en de bûk fine. Fan de nuddelbeammen binne ûnder oare de seedin (karakteristyk foar in mediterraan klimaat) oanwêzich, njonken de Atlasseder. Beammen dy’t goed oer in soad wyn kinne, bygelyks de Eastenrykske din of de berchdin, binne goed oanpast oan it rûge waar op it berchmassyf.

Ek fan de blommen kin sein wurde dat de fariaasje yn soarten oanpast is oan de mikroklimatologyske omstannichheden. Njonken de mediterrane soarten op de legere súdlike hellings, binne alpine soarten as de alpenanemoan, de alpenliuwebek en de giele gentiaan te finen. Dêrnjonken is de krúsdistel in protte foarkommende ferskining op de keale rotsêftige hellings. Op de wat rikere kalkrike boaiems groeit de Turkske leelje. De stienbrek groeit yn de rotsspjalten.

In karakteristike plantesoarte dy’t op de Mont Ventoux foarkomt is bygelyks it absintkrûd (Artemisia absinthium), dy’t bekendheid krigen hat mei tank oan it absint-ekstrakt, in aperityf dat fanwegen syn toksyske effekten sûnt 1915 yn Frankryk net mear distillearre wurde mei. It krûd groeit hjoed de dei oan de eastlike kante fan de Mont Ventoux.

Toerisme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De berch hat fan de measte rjochtingen út in kegelfoarmige foarm. Omdat dit sa’n machtige, ienlike berchreus is en fan fier sjoen wurde kin, hat de ymposante Mont Ventoux foar de bewenners yn de omjouwing en besikers in bysûndere betsjutting. De berch is ien fan de pear plakken fan wêrôf men op in heldere dei in machtich útsjoch hat oer de Middellânske See, en de heechste piken fan de Pyreneeën en de Alpen. De “hillige” berch fan de Provence is in berch dêr’t motortoeristen graach hinne komme mei harren motors fan de doarpen Malaucène, Sault of Bédoin út nei de top te gean, mar ek foar fytsers is de berch in pree.

Besikers kinne it toeristepaad ferlitte en de Mont Ventoux op fuotpaden ferkenne. Twa fan de karakteristike Frânske sentiers de grande randonnée of grutte nasjonale kuierpaden, de GR 9 en de GR 4, krúsje mekoar op de Mont Ventoux.

Fan desimber oant april is de berchtop mei snie oersljochte. Lawines komme somtiden noch foar oant yn maaie, en besikers moatte it heule jier troch rekkenskip hâlde mei fûle wyn, dy’t yn de simmer as tige kâld oanfiele kin. Temperatueren op de top binne oer it algemien sa’n 10 °C kâlder as oan de foet fan de Mont Ventoux.

Sport[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Autoracerij[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Koart nei dat de earste ferhurde diken nei de top fan de Mont Ventoux lein wienen, de earste yn 1882, ûntstie it idee om wedstriden tsjin de berch op de hâlden foar auto’s. De klassike rûte foar de race wie dy fan Bédoin nei de top oer in ôfstân fan 21,5 kilometer mei in te oerwinnen hichteferskil fan 1589 meter. De earste race hie plak yn 1898. Yn 1900 berikten trije auto’s fan it type De Dion-Bouton de top yn 2,5 oere. Yn 1902 wûn in Panhard-Levassor yn de tiid fan 27 minuten en 17 sekonden (in trochsneed snelheid fan 47,5 kilometer it oere). Fan dat jier ôf oant 1977 waarden út en troch wedstriden organisearre wêroan de grutte automerken meidienen. Yn 1957 trochbruts in Maserati de 100 kilometer it oere grins en by de lêste race yn 1976 waard in trochsneed snelheid fan 149,192 kilometer it oere helle. Hja hawwe lykwols foar dizze lêste race it parkoer ynkoarten. De einstreek wie by Chalet-Reynard, in ôfstân oer 15,4 kilometer. Dit plak waard yn 6 minuten en 11 sekonden berikt. Foar de feiligens is nei 1977 ôfsjoen fan noch mear rekordbesyksels. Wol waarden út en troch foar oldtimers rally’s organisearre. Hjoed de dei wurde de limiten fan auto’s noch test troch op topsnelheid nei boppe te riden.

Hurdfytsen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar hurdfytsers binne der trije mooglikheden om nei de top fan de Mont Ventoux te fytsen. Dizze rûtes binne:

  1. Fan it suden út, startende fan Bédoin ôf, 21,8 kilometer mei in hichteferskil fan 1617 meter. Dit is de meast keazen en swierste rûte. De dyk nei de top hat in trochsneed stigingspersintaazje fan 7,43 persint. Oant Saint-Estève is it ridlik te dwaan mei in stigingspersintaazje fan 3,9% oer 5,8 kilometer. Mar de lêste 16 kilometer hawwe in stigingspersintaazje fan 8,9%. Yn de lêste kilometers nei de top kinne fûle winen de kop op stekke. De rûte nimt likernôch 1,5 oere oant 2,5 oere foar treende amateurs. Profesjonele riders hawwe lykwols 1 oere en 15 minuten nedich. De rapste tiid oant no ta waard setten troch Iban Mayo yn de yndividuele tiidrit yn de Dauphiné Libéré fan 2004; hy die doe 55 minuten en 51 sekonden oer de klim. De tiid waard fan Bédoin ôf foar it earst mjitten yn de Tour de France fan 1958, doe Charly Gaul de rapste wie mei in tiid fan 1 oere 2 minuten en 9 sekonden.
  2. Fan it noardwesten út, startende yn Malaucène, 21,5 kilometer mei in hichteferskil fan 1570 meter. Lykwols like swier as de beklimming fan Bédoin út, mar minder better beskerme tsjin de wyn.
  3. Fan it easten út, startende yn Sault, 26 kilometer mei in hichteferskil fan 1210 meter. De maklikste rûte fan de trije. Nei Chalet-Reynard is de klim itselde as fan Bédoin út. It trochsneed stigingspersintaazje is 4,4%.

Elk jier wurde amateurraces fersoarge om sa gau mooglik of sa faak mooglik yn 24 oeren nei de top fan de Mont Ventoux te fytsen, de Ventoux Masterseries en Les Cinglés du Mont Ventoux. Op 16 maaie 2006 bruts Jean-Pascal Roux it rekord tal beklimming yn 24 oeren tiid, hy beklom de berch alve kear fan Bédoin út.[5]

Tour de France[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Mont Ventoux is legindarysk wurden nei de tige swiere beklimmings yn de Tour de France, de berch is sûnt 1951 fjirtjin kear beklom. It paad dat folge wurdt is meastentiids it paad troch Bédoin. De faam dy’t de Mont Ventoux krigen hat troch de Tour de France hat de berch in grutte magneet makke foar hurdfytsers fan oer de heule wrâld.

De berch waard wrâldferneamd doe’t de berch it libben fan de Britske hurdfytser Tom Simpson easke. Hy ferstoar op 13 july 1967 troch in sinnestek dy’t hy oprûn troch in kombinaasje fan faktoaren wêrûnder útdrûging (troch in tekoart oan drinken en diarree), amfetaminen en alkohol, al wurdt der ek hjoed de dei noch figelearre oer de oarsaak fan syn dea. Simpson begûn breed te slingerjen oer de dyk krekt foardat hy foel. Hy waard dwylderich en frege omstanners om him wer op ‘e fyts te krijen. Simpson wist oant 800 meter fan de top te kommen, foar hy dea del foel. Amfetaminen waarden yn syn shirt en bloed fûn. Der is in tinkstien deunby de top dy’t ta in hillich plak foar hurdfytsfans wurden is. Yn 1970 reed Eddy Merckx himsels hast oan ein doe’t hy de etappe nei de Mont Ventoux wûn. Hy krige soerstof tatsjinne, ferhelle himsels en wûn de Tour. Yn 1994 wist Eros Poli sa’n grutte foarsprong op te bouwen yn it begjin fan de etappe dat hy, nettsjinsteande syn minne klimkwaliteiten, de berch as earste oer kaam, wylst hy in minút de kilometer ferlear berch op, en de etappe winnend ôfsleat. Yn 2009 waard de lêste kear yn de Tour de France de Mont Ventoux op riden, de Spaanske Rabobank-fytser Juan Manuel Gárate kaam as earste oan op de top.

Winners fan ritten fan de Tour de France mei de finish op de top[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne acht Tour de France-etappes op de Mont Ventoux einige. De einstreek leit op 1909 meter hichte, lykwols einigen de etappes fan 1965, 1967, 1972 en 1974 leger, op 1895 meter.

Yn septimber 2008 waard troch Claude Haut, de presidint fan Vaucluse, dat yn 2009 de Tour de France wer nei de Mont Ventoux kaam, nei in absinsje fan sân jier. Ungewoan dizze kear wie it stuit wêrop de Tour del kaam, it wie op de ien nei lêste dei, op 25 july 2009, de dei foar dat it peloton nei Parys ôfreizge.

Jier Etappe Start fan etappe Ofstân (km) Kategory Etappewinner Nasjonaliteit Giele trui
1958 18 Bédoin 21.5 (Yndividuele tiidrit) 1 Charly Gaul Flagge fan Lúksemboarch LUX Raphaël Geminiani
1965 14 Montpellier 173 1 Raymond Poulidor Flagge fan Frankryk FRA Felice Gimondi
1970 14 Gap 170 1 Eddy Merckx Flagge fan Belgje BEL Eddy Merckx
1972 11 Carnon-Plage 207 1 Bernard Thévenet Flagge fan Frankryk FRA Eddy Merckx
1987 18 Carpentras 36.5 (Yndividuele tiidrit) Hors Catégorie Jean-François Bernard Flagge fan Frankryk FRA Jean-François Bernard
2000 12 Carpentras 149 Hors Catégorie Marco Pantani Flagge fan Itaalje ITA Lance Armstrong
2002 14 Lodève 221 Hors Catégorie Richard Virenque Flagge fan Frankryk FRA Lance Armstrong
2009 20 Montélimar 167 Hors Catégorie Juan Manuel Gárate Flagge fan Spanje ESP Alberto Contador
Tour de France etappes oer de Mont Ventoux[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Tour de France hat seis etappes hân wêryn de etappe oer de Mont Ventoux kaam.

Jier Etappe Kategory Start Finish Lieder op de top Nasjonaliteit
1951 18 1 Montpellier Avignon Lucien Lazarides Flagge fan Frankryk FRA
1952 14 1 Aix-en-Provence Avignon Jean Robic Flagge fan Frankryk FRA
1955 11 1 Marseille Avignon Louison Bobet Flagge fan Frankryk FRA
1967 13 1 Marseille Carpentras Julio Jimenez Flagge fan Spanje ESP
1974 12 1 Savines-le-Lac Orange Gonzalo Aja Flagge fan Spanje ESP
1994 15 Hors Catégorie Montpellier Carpentras Eros Poli Flagge fan Itaalje ITA

Yn 1951 waard de berch fan Malaucène ôf beklom, alle oare kearen barde dat fan Bédoin ôf.

Oare hurdfytswedstriden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken de Tour de France hawwe ek de Dauphiné Libéré en de klassiker Parys-Nice de Mont Ventoux feskate kearen yn it parkoer opnommen. De meast resinte winner wie Sylwester Szmyd yn de Dauphiné Libéré fan 2009 en Cadel Evans yn Parys-Nice fan 2008.

  • Winners fan ritten yn Parys-Nice mei de finish op de top:

Skyen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan de noardkante fan de Mont Ventoux is der de mooglikheid om te skyen. Fûle wyn en de stadige helling soarge derfoar dat de tiid dat der skyd wurde kin beheind bliuwt foar it publyk.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Petrarch, Answers.com (sjoen op 14 oktober 2010)
  2. Ascent Of Mont Ventoux, Iscanmyfood.com (sjoen op 14 oktober 2010)
  3. Helmuth Zebhauser (1986). Frühe Zeugnisse der Alpenbegeisterung. München.
  4. Découverte du Géant de Provence, Chalet-Reynard.fr (sjoen op 15 oktober)
  5. Record de la montée du Ventoux en 24 heures : le live, Velo101.com (sjoen op 15 oktober 2010)