Mongoalske wylde ezel

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Mongoalske wylde ezel
3 khulan am Wasser Abend.jpg
taksonomy
Klasse: Sûchdieren (Mammalia)
Skift: Unevenhoevigen (Perissodactyla)
Famylje: Hynste-eftigen (Equidae)
soarte
Equus hemionus hemionus
Pallas 1775

De Mongoalske wylde ezel (Equus hemionus hemionus), Mongoalsk: Хулан) is in ûndersoarte fan de Onager (Aziatyske wylde ezel). Dy ezelsoarte komt foar yn Mongoalje en noard-Sina, en waard eartiids en fûn yn Kazachstan oant it bist dêr útstoar troch de jacht.

It ferspriedingsgebiet fan de Mongoalse wylde ezel waard bot lytser yn jierren 90 fan de 20e ieu. Yn in ûndersyk fan 1994 oant 1997 waard fêststeld dat de populaasje út 33.000 oant 63.000 bisten. Yn 2003 is der fannijs ûndersyk dien en waard fêststeld dat der doe noch 20.000 ezels wienen yn súd-Mongoalje mei in ferspriedingsgebiet fan 177.563 km². Yn de ôfroanne jierren is de soarte 50% fan syn populaasje kwytrekke en it tal sakket noch hieltyd.

De oarsaken fan de delgong fan de soarte binne streupen en de konkurrinsje fan fee yn har ferspriedingsgebiet. Dat lêste komt mei trochdat nei politike feroarings yn de iere jierren 90 de stedsbefolking tastien waard om werom te gean nei nomadysk gebrûk fan har oarspronklik stamgebiet. Dat hat laat ta in grutte groei fan it tal minsken en libbene have op plakken fan it plattelân en ta skea fan de wylde fauna.[1][2]

Sûnt 1953 hat de Mongoalske wylde ezel de status fan beskerme diersoarte yn Mongoalje.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. María E. Fernández-Giménez, 1999; Sustaining the steppes: a geographical history of pastoral land use in Mongolia yn Geographical Review, diel 89 s.315–342 [1]
  2. Donald J. Bedunah & Sabine M. Schmidt, 2004, Pastoralism and protected area management in Mongolia's Gobi Gurvansaikhan National Park yn Development and Change diel 35, s. 167–191 |doi=10.1111/j.1467-7660.2004.00347.x