Mongoal (ko)

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Mongoalsk (ko)")
Gean nei: navigaasje, sykje

De Mongoal is in lânseigen koweras út Binnen-Mongoalje en noardlik China. Der binne twa farianten, de Ujumqin en de Halhïn Gol.

De foarâlden fan it ras wiene de wylde Aziatyske ko (Bos turano mongolicus). Yn 1949 waard it ras bot ferbettere troch krusen mei Europeeske kowerassen. Dat barde foar it earst mei in shorthorn. It ras is frijwat behindich; grutte en gewicht hingje bot ôf fan omstannichheden en de kwaliteit fan it fretten. It bist is guodlik, keallet maklik en is hurd. Ujumqinkij kinne ûnder goede omstannichheden 500-600 kg molke produsearje in in laktaasjeperioade fan fiif moannen, it fetpersintaazje sit om de 5 %.

Mongoalske kij wurde al ieuwenlang hâlden troch nomaden en wurde heech oanslein foar har fleis.[1][2]

Yn 2008 waard fernijd dat 40.000 bisten fan it ras stoaren yn in swiere winter. [3]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. The Cattle Site - Breeds
  2. Oklamhoma State University - Mongolian cattle
  3. Mongolia Web -News Report