Monarchflinter

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Monarchflinter
MonarchButterflyApril2008.jpg
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Aureliaflinters (Nymhalidae)
soarte
Danaus plexippus


De Monarchflinter (Danaus plexippus) is in soarte yn it skaai fan de Danaus.


Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

De monarchflinter hat mar in pear populaasjes yn it suden fan Jeropa. Hy is ferneamd wurden om syn trekneigingen en kin as seldsume gast yn de kuststreken fan noardwest-Jeropa sjoen wurde. De populaasjes lizze op waarme oant tige waarme droege plakken lykas eroazjslinken. De flinter komt ek wol foar yn tunen en parken. De populaasjes binne lyts en lizze temidden fan lânbougebieten. Se wurde mei útstjerren bedrige troch it gebrûk fan herbisiden en insektisiden, brânen en it stoarten fan ôffal.

Fleantiid[bewurkje seksje | edit source]

De flinter fleant fan begjin april oant ein septimber. Se fleane yn ferskillende generaasjes.

De rûp.[bewurkje seksje | edit source]

Yn Spanje wurde aaikes ôfsetten op de Ascepias curassavica, op de Kanaryske Eilannen ek op de Gomphocarpus fruticosus. De flinters plantsje harren yn meardere generaasje fuort.


De rûp fan de Monarchflinter

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]