Molly Ephraim

Ut Wikipedy
Molly Ephraim
akteur
Molly Ephraim yn 2018
Molly Ephraim yn 2018
persoanlike bysûnderheden
echte namme Molly Ephraim
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 22 maaie 1986
berteplak Philadelphia (Pennsylvania)
etnisiteit Joadsk
jierren aktyf 2002 – no
offisjele webside
Molly Ephraim yn 'e IMDb

Molly Ephraim (Philadelphia, 22 maaie 1986) is in Amerikaansk toaniel-, musical-, film- en tillefyzje-aktrise. Hja is it bekendst wurden mei har rollen yn 'e films College Road Trip (2008), Paranormal Activity 2 (2010), Paranormal Activity: The Marked Ones (2014) en The Front Runner (2018), en as leechhollige dochter Mandy Baxter yn 'e komeedzjesearje Last Man Standing (2011-2017).

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ephraim waard yn 1986 berne yn Philadelphia, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania, as de dochter fan âlden fan etnysk Joadsk komôf, William Ephraim en Nina Zebooker. Hja groeide op yn Bucks County, op it plattelân fan Pennsylvania. As bern trede se al op yn it Bucks County Playhouse, en as teenager die se mei oan profesjonele toanielproduksjes yn it Prince Music Theater en by de Arden Theatre Company yn Philadelphia.

Ephraim studearre en behelle in bachelorstitel yn religieuze stúdzjes oan 'e Universtiteit fan Princeton, yn Princeton yn Nij-Jersey. Under har stúdzjetiid spile se mei yn en goreografearre se ferskate optredens fan 'e toanielselskippen Princeton University Players en Theatre Intime.

Molly Ephraim yn 2012 by de presintaasje fan 'e nije komeedzjesearje Last Man Standing.

Aktearkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2002 makke Ephraim har debút op Broadway, as Readkapke yn 'e revival fan Into the Woods. Foar dy rol waard se nominearre foar in Drama League Award. Yn 2004 spile se wer op Broadway, diskear yn in revival fan Fiddler on the Roof, as Bielke. Off-Broadway spile Ephraim û.o. Rachel Stein in End Days en Olive yn The 25th Annual Putnam County Spelling Bee. Ek hat se Anne Frank spile yn it stik The Diary of Anne Frank, yn it Westport Country Playhouse yn Westport yn 'e steat Connecticut. Yn Los Angeles stie se yn 2015 yn it Geffen Playhouse op 'e planken as Daphna Feygenbaum yn it toanielstik Bad Jews fan Joshua Harmon.

Ephraim spile har earste filmrol yn 2008 yn College Road Trip, as Wendy Greenhut. Datselde jiers wie se ek foar it earst op 'e tillefyzje te sjen, mei in gastrol yn in ôflevering fan 'e plysjesearje Law & Order. Fierders spile hja Ali Rey yn 'e films Paranormal Activity 2 (2010) en Paranormal Activity: The Marked Ones (2014), en yn 2009 wie hja te sjen yn 'e ôflevering It's Like Jamais Vu All Over Again fan 'e rige Royal Pains.

By it grutte publyk briek Ephraim fan 2011 ôf troch mei har fêste rol yn 'e komeedzjesearje Last Man Standing. Dêryn spile se de rol fan Mandy Baxter, de leechhollige en gauris egoïstyske middelste dochter fan 'e personaazjes fan Tim Allen en Nancy Travis. De searje rûn ynearsten oant en mei 2017 seis seizoenen by tillefyzjenetwurk ABC, mar doe't er yn 2018 fannijs opstart waard by Fox, keas Ephraim derfoar om net mear yn har âlde rol werom te kearen. Dy waard doe oernommen troch Molly McCook.

Neitiid hie Ephraim weromkearende rollen yn 'e tillefyzjesearjes Brockmire, Halt and Catch Fire en Casual en in gastrol yn in ôflevering fan 'e komeedzjesearje Modern Family. Yn 2018 fertolke se in byrol yn 'e politike biografyske film The Frontrunner, wêryn't se op 'e nij gearwurke mei Kaitlyn Dever, dy't de jongste dochter spile yn Last Man Standing. Fierders hie Ephraim yn 2019 in gastrol as de abbekate fan Gypsy Rose Blanchard yn 'e rige The Act, op Hulu. Yn 2020 spile se Hazel Prystock, de lesbyske minneresse fan sekretaresse Della Street yn 'e remake fan 'e rjochtbankdramasearje Perry Mason.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
2003 Hench at Home Ally Hench ûnferkochte pilotôflevering
2008 Law & Order Anne-Marie Liscomb   gastrol; ôfl. Tango
2009 Royal Pains Beth Samuels gastrol; ôfl. It's Like Jamais Vu All Over Again
2010 The Wonderful Maladys emofanke ûnferkochte pilotôflevering
2011–2017 Last Man Standing Mandy Baxter fêste rol; 130 ôfl.
2017 Brockmire barkeeper weromkearende rol; 5 ôfl.
2017 Halt and Catch Fire Alexa Vonn weromkearende rol; 5 ôfl.
2018 Casual Jess weromkearende rol; 3 ôfl.
2019 The Act Kate gastrol; ôfl. Free
2019 Modern Family Libby gastrol; ôfl. Snapped
2020 Perry Mason Hazel Prystock weromkearende rol; 5 ôfl.
2021 Pretty Smart Margot gastrol; ôfl. Did you hear?! Chelsea ran into Margot!
films
2008 College Road Trip Wendy Greenhut
2010 Paranormal Activity 2 Ali Rey
2014 Paranormal Activity: The Marked Ones   Ali Rey
2018 The Front Runner Irene Kelly

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.