Modest Mûssorgski

Ut Wikipedy
Modest Mûssorgski troch Ilja Repin

Modest Petrovitsj Mûssorgski (Russysk: Модест Петрович Мусоргский) (Karevo, 21 maart 1839Sint-Petersburch, 28 maart 1881) wie in Russysk komponist.

Hoewol't er it komponistefak nea goed ûnder de knibbel krigen hat, hy wie autodidakt, wurdt er dochs beskôge as in tige orizjinele, geniale Russyske komponist fan de 19e iuw.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mûssorgski wie foar in part fan boere komôf en diels fan (earm) aadlik komôf. Syn beppe fan heitekant wie noch liifeigene west. As bern die Mûssorgski's muzikale talint al bliken, mar hy keas foar in karriêre yn it tsaristyske leger, hy waard offisier. Syn niget foar de muzyk bleaun lykwols en hy rekke al gau yn de kunde mei de doetiidse avant garde fan jonge komponisten lykas Balakirev, Borodin, Cui en Rimsky-Korsakow, it saneamde 'Machtige Heapke'. Fan Balakirev (sels autodidakt) krige er ûnderrjocht yn komposysjelear en troch him makke er fan de muzyk syn berop. Se setten harren yn foar orizjinele, nasjonale Russyske muzyk.

It tsaristysk hôf en de adel wiene orientearre op Dútske en Italjaanske muzyk en hiene gjin ferlet fan syn muzyk. Boppedat gie it komponearjen stadich. Hy moast wol allerhanne amtnerbaansjes oan nimme om troch de tiid te kommen. Hy libbe yn iensumens. In soad wurk hat er ek net ôfmeitske kind, omt er hieltiten fêst rûn troch brek oan in goede teoretyske basis. Fierders wie er swiersettich en dronk er tefolle.

Op in stuit hie er dochs sukses mei de opera 'Boris Godoénov', hoewol't er dy ferskate kearen oanpasse moast om him útfierd te krijen. Lettere bewurkers, fral Rimski-Korsakov, ha syn wurk ferienfâldige om it 'útfierber' te krijen. It hat tige lang duorre foar't syn wurk yn de oarspronklike foarm op 'e planken kaam; doe earst kaam de wiere kwaliteit fan it wurk oan it ljocht.

Yn syn wurk spilet 'it folk', fertriet, wurk en de dea fan de gewoane man faak in wichtige rol. Faaks hat dat te meitsjen mei syn ienfâldich komôf.

Mûssorgski stoar op 42 jier oan de gefolgen fan alkoholisme yn in sikehûs te Sint-Petersburch. Hie leit begroeven op it hôf fan it Alexander Nevski-kleaster.

Grêf fan Mûssorgski op it Tichvin-hôf fan it Aleksandr Nevski Kleaster yn Sint Petersburch.

De bekendste wurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De opera Chovansjtsjina (orkestraasje troch û.o. Nikolaj Rimski-Korsakov);
  • De opera De Jiermerke fan Sorotsjinski, nei Nikolaj Gogol (bewurke troch ferskillende komponisten);
  • It orkeststik Nacht op de Keale Berg, is in útbylding fan in heksedâns ûnder de sinnekear op de berg Triglav; bewurke troch Nikolaj Rimski-Korsakov;
  • De lietesyklus Bernekeamer, Sûnder sinne en Lieten en dansen fan de Dea en noch in protte oare lieten.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]