Misdieden tsjin de minsklikheid
Misdieden tsjin de minsklikheid is de sammelnamme foar in grut ferskaat oan grutskalige ynbrekken op de minskerjochten. Faak wurdt ek sprutsen fan misdieden tsjin it minskdom.
De beneaming "misdieden tsjin de minsklikheid" wurdt yn it ynternasjonaal rjocht as earste en wichtichste oanklacht brûkt foar de moarddiedige ferfolging fan in groep minsken. It begryp waard foar it earst brûkt yn de ynlieding fan de Fredeskonvinsje fan De Haach yn 1907, en dêrnei ek brûkt by de prosessen fan Neurenberch, omdat fergripen lykas de Holocaust út soarte net in ferdrach skeinden, mar wol swier bestraft wurde moasten.
Der is krityk op it begryp omdat it tige dizich is en faak foar politike doelen brûkt wurdt. De etnyske suveringen fan de nazi's wurde yn it generaal beskôge as misdieden tsjin de minsklikheid, mar de ferfolging fan beskate groepen troch de Sovjet-Uny en de Feriene Steaten net. De systematyske ferfolging fan de Afrikaanske befolking troch it Súd-Afrikaanske apartheidsrezjym waard yn 1966 troch de Feriene Naasjes erkend as misdie tsjin de minsklikheid.
Artikel 7 fan it Statút fan Rome, it ferdrach dêr't 2002 it Ynternasjonaal Strafhof mei oprjochte is, seit:
- 'Foar it brûken fan it Statút wurdt ûnder misdriuw tsjin de minsklikheid ferstien elts fan de neifolgjende hannelingen, at sy bedreaun binne as part fan in wiidweidige as stelselmjittige oanfal rjochte tsjin in boargerbefolking, mei kennis fan de oanfal:
-
(a) moard; (b) útroeging; (c) slavernij; (d) deportaasje fan befolking mei twang; (e) finzen nimme of in oare slimme beroving fan de fysike frijheid stridich mei fundamentele regels fan ynternasjonaal rjocht; (f) tramtearring; (g) ferkrêfting, seksuele slavernij, twongen prostitúsje, twongen swierwêzen, twongen sterilisaasje of alle oare foarmen fan seksueel geweld fan in te ferlykjen swierte; (h) ferfolging fan eltse idintifisearbere groep of mienskip op politike, rasiale, nasjonale, etnyske, kulturele en slachtlike grûnen, sa't definiearre wurdt yn paragraaf 3 of oare grûnen, dy’t net talitten wurde kinne ûnder de ynternasjonale wet, yn ferbining mei eltse die dêr't yn dy paragraaf nei ferwiisd wurdt of elke misdied ûnder jurisdiksje fan dat hof; (i) twongen ferdwining fan persoanen; (j) de misdie apartheid; (k) oare ûnminsklike dieden fan in selde karakter dy't mei opset sin grut lijen as gâns skea oan de lea, oan de geastlike of fysike sûnens tabringe'.