Mirjam Sterk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Mirjam Sterk

Willemina Roziena Catharina (Mirjam) Sterk (Zeist, 23 maaie 1973) is in Nederlânske politika. Sy is sûnt 2002 lid fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal foar it Kristen Demokratysk Appèl (CDA). Neist Kamerlid is Sterk ek predikante yn de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke (no PKN).

Libbensrin[bewurkje seksje | edit source]

Sterk studearre teology oan de Ryksuniversiteit Utert en de tsjerklike oplieding oan de Universiteit fan Amsterdam. Nei har stúdzje waard Sterk dosint godstsjinst en wurke hja in skoft by de IKON. Yn 2000 waard sy bestjoersassistint fan de Rotterdamske wethâlder Jacques van der Tak.

Yn 2002 waard Sterk keazen as Twadde Keamerlid. Yn de CDA-fraksje is Sterk wurdfierder Yntegraasje en Ymmigraasje/Asyl Nasjonaliteitswetjouwing en Earerelatearre geweld.

Foar de ferkiezingen fan 2002 waard Mirjam Sterk troch goed 500.000 minsken op de ynternetside Politiek-digitaal.nl keazen as it meast oantreklike kandidaat-keamerlid.

Persoanlik[bewurkje seksje | edit source]

Mirjam Sterk is troud en hat in soan en in dochter. Sy is lid fan de Protestantske Tsjerke yn Nederlân (PKN).

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]