Milvyske Brêge
Ut Wikipedy
De Pons Milvius (Latynsk for Milvyske Brêge) is ien fan de wichtichste brêgen oer de Tiber yn Rome.
De earste brêge is boud troch konsul Gaius Klaudius Nero yn 206 f. Kr., neidat er it Kartaagske leger ferslein hie yn de Slach fan de Metaurus. Yn 115 f. Kr. boude konsul Markus Aemilius Skaurus in nije brêge fan stien op itselde plak as de earste. Yn 312 fersloech Konstantyn de Grutte syn grutte tsjinstanner Maksentius by de brêge yn de ferneamde Slach by de Milvyske Brêge.
Yn de Midsieuwen waard de brêge renovearre troch in mountsje neamed Acuzio, en yn 1429 frege Paus Martin V in ferneamde arsjitekt, Francesco da Genazzano om de brêge op te laapjen. Yn de 18e en 19e ieu, waard de brêge feroare troch Valadier en Pigiani.
Yn 2006 begûnen fereale spantsje der mei om op de brêge om de lantearnepeal hingelslotten te hingjen as teken fan leafde. De kaaien waarden yn de Tiber smiten. Op 13 april 2007 waard mei dit brûke stoppe omdat de lantearnepeal it bejûn hie.
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
- Ritual draws sweethearts to Rome bridge artikel oer it kaai ritueel.