Millau-fiadukt

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Fiadukt fan Millau
autowegen noard-súd
Fiadukt fan Millau

De Brêge fan Millau (Frânsk: Viaduc de Millau) is in mearfâldige toaikonstruksje oer de rivier de Tarn, yn de gemeentes Millau en Creissels yn it departemint Aveyron yn Frankryk. De brêge, op 14 desimber 2004 iepene troch destiidsk presidint Jacques Chirac iepene, is de heechste brêge fan de wrâld: ien fan de pylders is 343 meter heech, wat heger as de Eiffeltoer. De maksimale hichte fan it brêgedek wurdt allinnich troch de Royal Gorge Bridge (321 meter - Kolorado, Feriene Steaten) oertroffen. De brêge koste 394 miljoen euro.

De 2460 meter lange brêge draacht de autosnelwei A75/E11 (La Méridienne). De wei ferbynt Clermont-Ferrand yn it noarden mei Béziers en Montpellier yn it suden. Foardat de brêge der wie, moat alle ferkear fan Parys nei Perpignan troch Millau, of in omwei nimme nei it easten fia Lyon, 912 of 850 km (autosnelwegen A6 en A7) of nei it westen fia de A20 Toulouse-Brive-Limoges-Vierzon, 800 km.

Skaaimerken[bewurkje seksje | edit source]

It fiadukt bestiet út acht oerspanningen, ûndersteund troch sân betonnen pylders. De middelste stikken oerspanne 342 meter, de uterste oerspanningen 204 meter. De brêge leit op 270 meter boppe de rivier de Tarn. Der binne sân mânske brêgepylders boud, wêrfan't de heechste 343 meter de loft yn rikt. Dit is de heechste brêgepylder fan de wrâld. It brêgedek is 32 meter breed, en hat twa rydstroken en in flechtstrook yn beide rydrjochtings.

It fiadukt is de grutste rydreaubrêge yn de wrâld, hast twa kear sa grut as de eardere Europeeske rekordhâlder, de Europabrücke yn Eastenryk. Wat brêgedekhichte oanbelanget komt it fiadukt nei de Royal Gorge Bridge yn Kolorado.

Spesifikaasjes[bewurkje seksje | edit source]

  • Totale lingte fan it weidek: 2460 m
  • Oantal pylders: 7
  • Hichte fan pylder 7, de koartste: 77 m
  • Hichte fan pylder 2, de langste: 336 m (245 m op it nivo fan it weidek)
  • Hichte fan pilonnen: 87 m
  • Oantal keabels: 154
  • Dikte fan it weidek: 4,20 m
  • Breedte fan it weidek: 32,05 m
  • Totaal folume fan brûkt beton: 127 000 m³
  • Totaal gewicht fan stiel: 19 000 ton
  • Totaal gewicht van de brug: 290.000 ton
  • Maksimale wynsnelheid: 220 km/o (150 km/o maksimaal ea mjitten yn Millau)
  • Temperatuergrinzen: -35 °C - +45 °C
  • Totale krimp- of útsetlingte: 2,2 m
  • Helling fan it weidek: 3%
  • De brêge beskriuwt (gedieltlik) in sirkel mei in striel fan 20 km, sa like de brêge ûneinich lang.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]