Mika Tan

Ut Wikipedy
Mika Tan
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Mika Okinawa, Mika, Leiloni
echte namme Saraswati Miyoko Kop Taetafa
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 27 novimber 1977
berteplak Honolulu (Hawaï)
etnisiteit Japansk
Samoaansk
Rjûkjûaansk
Taiwaneesk Hokkineesk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, fetysjmodel,
stripper, pornoaktrise,
produsinte, prostituee,
fisazjiste, wetlik adviseur
jierren aktyf 1999 – no
offisjele webside
www.mikatan.com

Mika Tan, echte namme: Saraswati Miyoko Kop Taetafa (Honolulu, 27 novimber 1977), is in Amerikaansk neakenmodel, fetysjmodel, stripper, pornografysk aktrise, pornoprodusinte, prostituee, radiopresintatrise en fisazjiste fan mingd etnysk komôf, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Mika, Mika Okinawa en Leiloni (dat lêste wie fan bern ôf oan har bynamme). Se is berne yn 'e steat Hawaï, yn 'e haadstêd Honolulu. Har heit is fan mingd Japansk-Samoaansk komôf, wylst har mem foar in part Rjûkjûaansk is (fan it eilân Okinawa), en foar in part Hokkineesk fan Taiwan.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tan waard, doe't se trije jier wie, adoptearre troch har beppe, dat in Hawajaansk-Japansk folksdûnseresse fan namme wie, dy't ûnderskate massaazjesalons yn eigendom hie. Har beppe brocht har oant likernôch har tsiende grut. Har folle suster waard adoptearre troch in muoike. Guon boarnen yn 'e pornoyndustry hâlde út dat Tan en har kollega-aktrise Loni nichten binne, mar dat is net wier. Tan is lykwols al famylje fan pinup-model Josie Lee, en se hat op Twitter ferteld dat Kristara Barrington, dy't yn 'e 80-er jierren ûnder de namme China Lee karriêre makke as pornoaktrise, in muoike fan har is.

Wylst har famylje oan memmekant tige muzikaal is, stammet se oan heitekant út in legerfamylje. Sa tsjinnet har suster, dy't har helpt om har offisjele webside te runnen, yn it Amerikaanske Korps Mariniers. Tan har heit wie by de Amerikaanske Marine, en naam syn gesin nei ferrin fan tiid mei as er oerpleatst waard. Sa wenne Tan foar't se op 'e middelbere skoalle kaam op ûnderskate plakken yn 'e Feriene Steaten, Jeropa, it Midden-Easten en Afrika.

Iere karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tan sette útein mei har karriêre as in bernemodel foar kleankatalogussen doe't se tolve jier wie. As figurante die hja ek mei oan guon profesjonele teäterproduksjes, tillefyzjeprogramma's en films, lykas Operation Dumbo Drop, út 1995, en fierders spile se yn reklamespotsjes. Dêrnjonken wie se yn har tinerjierren in hoart lid fan 'e Movement Company, in dûnsgroep út Guam, dy't ballet- en jazzballetfoarstellings joech. Se studearre oan 'e Steatsuniversiteit fan San Diego, yn Kalifornje, dêr't se titels behelle yn biogemy en psychology. Fierders die se in sangoplieding oan 'e Magdalena Perés School of Voice en seit se dat se de John Robert Powers finishing school besocht hat (dêr't jongedames etikette oanleard wurdt). Om foar har stúdzje te beteljen, begûn se neaken te posearjen foar keunstklassen en letter ek as stripper te wurkjen yn stripklubs.

Mika Tan yn 2006.

Hoewol't Tan oanlis hie foar wittenskip, hie se der gjin aardichheid oan, dat nei't se har stúdzje ôfrûne hie, wurke se yn 'e ferkeap en de marketing yn 'e timesharing-yndustry foar ûndernimmer en sûteneur Dennis Hof. Dyselde joech letter oan dat se foar him oer nea yn it minst blike litten hie dat se oerhong ta it meitsjen fan pornografy. Dat muoide him oars wol, want dan hied er har frege om op ien fan syn legale bordelen yn Nevada te wurkjen. Yn dyselde snuorje besocht Tan yn Los Angeles oan 'e bak te kommen as aktrise, mar dat joech se oer doe't se ûntdiek dat de casting couch gjin fabeltsje is. Dêroer sei se letter: "Foar de dúdlikheid: gjin inkele regisseur, produsint of crewlid út 'e pornoyndustry hat my OAIT lestich fallen mei ûnwinske yntimiteiten. As ik dochs neuke moat foar myn wurk, dan neuk ik wol foar myn wurk. Ja, de die wurdt opnommen, mar yn 'e pornografy bist der teminsten wis fan datst betelle krijste."

Pornokarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tan waard yn 1999 yn in winkel ûntdutsen troch pornoregisseur Jack Pearl, en makke noch datselde jiers har debút yn har earste pornografyske film. Se is benammentlik wurksum yn 'e fetysj-hoeke fan 'e pornoyndustry, wêrby't se û.m. wurket as sawol masteresse as ûnderhearrige foar de Kink.com-groep, almeast op 'e websiden MenInPain.com en DivineBitches.com. Yn dat subsjenre hat se har ûntjûn ta ien fan populêrste stjerren. Hoewol't se ek wol yn "gewoane" pornofilms spilet, beskôget se harsels mear as in fetysjmodel as as in pornoaktrise. Sûnt har debút hat se yn mear as 420 pornofilms spile, en dêrby binne har pornosênes op it ynternet net meirekkene (per 1 jannewaris 2008 hie se yn totaal al mear as 1350 sênes makke foar sawol fideo as ynternet).

Njonken har pornokarriêre die Tan yn 2006 mei oan it Amerikaanske tillefyzjeprogramma Blind Date, en teffens wie se oant 2007 inkele jierren presintatrise fan it programma Me So Horny op 'e radiostjoerder KSEX. Yn 't lêstoan is se minder foar de kamera's te sjen en mear efter de skermen wurksum. Dêrby rjochte se yn 2007 har eigen produksjebedriuw op en wurket se as produsinte, diplomearre fisazjiste en manager fan fjouwer opnamelokaasjes, wylst se opliedings folget ta filmeditor en yn marketing. Ek is se yn 'e fetysjpornografy in ûnôfhinklik adviseur oangeande de Amerikaanske wetjouwing, dy't derop tasjen moat dat fetysjfilms mei bgl. ûntfierings- of ferkrêftingssenario's gjin eleminten befetsje dy't foar de Amerikaanske wet yllegaal binne. Sûnt 2009 hat Tan fierdersoan tusken de bedriuwen troch ek wurksum west as legaal prostituee op Dennis Hof syn Moonlite BunnyRanch yn Nevada.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it mêd fan har priveelibben kin fierders noch oer Mika Tan fernijd wurde dat hja yn 1999 in miskream yn it trêde trimester krige. Se hat twaris troud west mei in kollega-pornoakteur, de earste kears mei Ray Shannon, en de twadde kears mei Alec Knight (2004-2006). Beide houliken einigen yn in skieding. Neffens har offisjele opjefte is Mika Tan 1.65 m, mei in gewicht fan 54 kg.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2006 AVN Award nominearre skandalichste sekssêne (mei Mr. Pete) Shane's World: College Guide to Anal Sex
Adam Film World Guide Award wûn bêste Aziatyske stjer n.f.t.
2007 AVN Award nominearre bêste spesjaliteitsfilm, BDSM Mika Tan Is a Dominatrix
wûn meast ûnderskatte stjer fan it jier n.f.t.
XRCO Award wûn ûnderwurdearre sirene n.f.t.
2008 AVN Award nominearre bêste solosekssêne My Space
2009 AVN Award nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei 9 oaren) 11 Herbs 'n Spices
Urban X Award ynhuldige lid fan 'e Urban X Hall of Fame n.f.t.
2010 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Marco Banderas en Chris Charming) The Perfect Secretary: Training Day

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.