Midfryske literatuer
It tiidrek fan de Midfryske literatuer begjint nei it ferskinen fan de lêste oarkonde yn it Aldfrysk yn 1573, it duorret oant de ein fan de 17e ieu.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Renêssânse
Om 1590 hinne begjint de renêssânse yn Fryslân. In ier teken fan dy renêssânse wie rym-sprekwurden fan Reyner Bogerman (likernôch 1475 - 1566). Yn 1614 wurdt in Nederlânsk boek útjûn mei as titel Der oude vrije friesen Spreekwoorden (Sprekwurden fan de âlde frije Friezen) fan Carel Georg van Burmania. Oare nammen binne Johan van Hichtum (likernôch 1560 - 1628), Jan Jansz. Starter (1593 - 1626) en Peter Sybrandts Baerdt (likernôch 1590 - 1644).
[bewurkje seksje] Gysbert Japiks
Gysbert Japiks (1603 - 1666) wie in skoalmaster, soan fan de ûntwerper fan it Boalserter Riedhûs, ferneamd om syn dichtwurk. Yn 1640 ferskynde syn earste boek Friesche Tjerne, in brulloftdicht, dat al it oar fuort yn 't skaad sette soe. Yn 1668, twa jier nei syn dea, ferskynde postúm de Friesche Rymlerye. De twa boeken binne it Fryske wjergea fan de ynternasjonale lûden fan Renêssânse en Barok. De Gysbert Japicxpriis is neamd nei de 17e ieuske Fryske dichter.
[bewurkje seksje] Klassisisme
Yn 1686 ferskine twa Frysktalige boeken fan opmerklike skriuwers, in frou en in dûmny. Yn de De Bron-Swaan fan Titia Brongersma (likernôch 1660 - 1700) steane Frânske, Nederlânske en fjouwer Fryske teksten. Ds. Vitus Ringers (1660 - 1725) lit datselde jier syn Stichtelijk Sang-Priëel útjaan, dêr't er mei besocht it Fryske ta tsjerklike taal te meitsjen mei trije Fryske psalmen. It neamen wurdich is de twadde Friesche Rymlerye fan Jan Althuysen (1715 - 1763) fan 1755. Oare skriuwers binne Johannes Hilarides (1648 - 1725), de earste poëzij-oersetter út de 18e ieu Durk Lenige (1722 - 1798) brûkte it Frysk ek as earste foar it sonnet, Eelke Meinerts (1732 - 1810), Feike Hiddes van der Ploeg (1736 - 1790).
It krewearjen op it wittenskiplik en literêr mêd fan Everwinus Wassenbergh (1742 - 1826) makke it fannijs opbloeien fan de Fryske literatuer mooglik.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
[bewurkje seksje] Literatuer
- Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof - Lyts hânboek fan de Fryske literatuer, AFûK, ISBN 90-70010-52-6
- Teake Oppewal - NL Zoland de wind de wolkend waait, útjouwer Bert Bakker, ISBN 90-351-3017-0