Mick Jagger

Ut Wikipedy
Mick Jagger by in konsert yn Giuseppe-Meazza-Stadion (Mailand, Itaalje, 10 juny 2003)

Sir Michael Philip Jagger (Dartford (Kent), 26 july 1943) is in Britske rockmuzikant, akteur, skriuwer, komponist en produsint, mar it meast ferneamd as sjonger fan de Rolling Stones.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mick Jagger (1982)

Mick Jagger waard grutbrocht yn in húshâlding út de middenklasse. Syn heit Basil "Joe" Jagger wie skoalmaster, syn mem Eva in ymmigrante út Austraalje, dy't polityk aktyf wie foar de Konservative Partij. Mick hat noch in jongere broer, Chris Jagger, dy't ek muzyk makket.

As bern wie Jagger al leafhawwer fan sjonge en muzyk meitsje. Nei it fuortset ûnderwiis studearre Jagger oan de London School of Economics. Hy is net in learder en lit syn stúdzje nei in jier falle. Mei syn freon Keith Richards, dy't er al fan beukerskoalle kin, begjint er muzyk te meitsjen. Dêrnei komt it idee om in bandsje te begjinnen mei Brian Jones en Dick Taylor. De Rolling Stones wurdt oprjochte, nei alle gedachten wol de meast legindaryske groep yn de skiednis fan de rock.

Rillegau nei de oprjochting fan de band feroaret de besetting: Charlie Watts en Bill Wyman ferfange Mick Avory en Dick Taylor. De band giet wat rûntoeren yn klups en stêden. Yn 1963 komt harren earste single út: "Come on", in cover fan Chuck Berry. Ek kriget de band in manager: Andrew 'Loog' Oldham. De leden fan de Rolling Stones tekenje in kontrakt by it grutte Decca Records en wurde in enoarm súkses. Sy ferkeapje miljoenen platen oer de hiele wrâld.

Foar it libben fan Jagger hat altyd in protte oandacht west fan de ynternasjonale parse. It dwaan en litten fan de lytse rocker hat it publyk fan it begjin ôf yn de besnijing nomd, fral de moaie froulju dêr't mei gie en de drugsproblemen dy't er hie. Mar tsjinfallers wienen net skealik foar syn wurkpaad, earder it tsjinoerstelde. Yn al de 40 jier dat de groep bestie gie it altyd oer him.

Solokarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bûten de Stones hat Jagger ek in solokarriêre. Lykwols slagge hy der net yn likefolle súkses te beheljen as mei de Stones.

Op 12 desimber 2003 waard Jagger riddere troch de Britske keninginne Elizabeth II foar syn tsjinsten oan de muzyk.

Gesin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mick Jagger hat in protte relaasjes hân. Hy hat twa kear troud west, mei Jerry Hall en mei Bianca Pérez-Mora Macías. Hy hat 7 bern (Karis, Jade, Elizabeth Scarlett, James Leroy Augustine, Georgia May Ayeesha, Gabriel Luke Beauregard, en Lucas) by ferskillende memmen. De jongste, Lucas, waard yn 1999 berne út in relaasje mei model Luciana Gimenez Morad. De lêste jierren libbet Jagger tegearre mei L'Wren Scott.
Pakkesizzers binne: Amba (berne yn 1996; mem: Jade Jagger), Assisi (berne op 3 july 1992; mem: Jade Jagger)

Filmkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neist dat Jagger muzikant is hat er ek in filmkarriêre, sa spile er yn:

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]