Metoadius

Ut Wikipedy
Metoadius (lofts) en Syrillus fan Saloniki. 19e iuwske ikoan út Boekarest

Metoadius (Gryksk: Μεθόδιος, Methodios; Aldtsjerkeslavysk: Мефодии. Mefodiij; doopnamme: Michael) (Tessaloniky, 826 - Grut-Moravyske Ryk, 6 april 885) wie in Gryksk-Byzantynse akademikus en aartsbiskop fan it Grut-Moravyske Ryk, dêr't Moraavje it middelpunt fan wie.

Metoadius wie de meast wichtige oersetter fan de Bibel yn it Aldtsjerkeslavysk. Dy Bibel waard skreaun yn it Glagolitysk alfabet, dat betocht waard troch syn broer Syrillus fan Saloniky.

Metoadius syn feestdei is (tagelyk mei Syrillus) 14 febrewaris (yn 't ferline 7 july en/of 6 april). Hy is ûnder oaren de patroanhillige fan Europa, Bohemen, Bulgarije, Tsjechje.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]