Meso-Amearika

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Region Mesoamerica.png

Meso-Amerika is de beneaming foar it gebiet yn Midden-Amearika dêr't de Yndianen eartiids beskavingen opboud hienen. It gebiet strekte him út fan it midden fan Meksiko oant Nikaragûa. De beneaming wurdt lykwols allinnich mar brûkt om de gebieten mei oan te tsjutten út it tiidrek fan foar de Spaanske oermastering.

De folken dy't yn it gebiet wennen hienen in protte mien op it mêd fan kultuer, religy, keunst, ensfh. De earste Meso-Amerikaanske beskavings ûntstiene om it begjin fan it earste millennium foar de Kristus. Ta dizze kultueren wurde de folgjende yndiaanske folken rekkene: de Azteken, Maya's, Tolteken en Zapoteken.

Yn de 16e ieu arrivearren de Spanjerts yn Amearika en waard it gebiet troch harren oermastere. Tsjintwurdich libje der noch in grut tal neisieten fan de Meso-Amerikaansk folken.